Repetysjes Doarp Europa op lokaasje fan start
02 10 2018Sûnt dizze wike repetearret it selskip de foarstelling Doarp Europa op lokaasje yn Drachten, yn de prachtige, âlde Sluisfabryk op Tussendiepen 6.
Dêr’t Elkenien is in Prutser ‘m op ûnferwachte plakken troch Fryslân ôfspile en Wereldburgers van de Voorstreek letterlik de Voorstreek yn Ljouwert as lokaasje kende, is Doarp Europa te sjen by lokale bedriuwen troch hiel Fryslân, mei ynternasjonale konneksjes: dêr wêr’t wurke wurdt.
12 oktober giet de foarstelling yn premjêre yn de Sluisfabryk yn Drachten. De Masjinefabryk Sluis wie it earste bedriuw dat him fêstigje op de Tussendiepen yn 1960 en tekene dêrmei it begjien fan de ûntjouwing en fernijing fan yndustrieel Drachten. Hjir waard hurd wurke om Drachten as noardlike industriestêd te profilearjen. Yn 1972 lei de wei iepen foar de Europeeske merk en exportearre Slûs ûnder oare nei Dútslân en Itaalje. Yn 1998 gie Sluis faillyt. Ûnderwilens is it gebou yn behear fan Stifting Craftwurk en sit der in oantal kulturele ûndernimmers yn de eardere fabryk fêstige.
De premjêre is spitigernôch útferkocht, mar der binne noch kaarten foar de Try Out op woansdei 10 en tongersdei 11 oktober!
Tickets helje hjir by Schouwburg de Lawei.
Mear witte oer Doarp Europa? Wy spylje de prolooch yn húskeamers troch hiel Fryslân mei in lytse cast. Tickets binne foar € 7,50 it stik te bestellen fia dizze link wersto ek de lokaasjes en data fine kin.