Socht: (tsjerke)klokken om Leeuwarden-Fryslân 2018 yn te lieden
12 12 2017As útsetter wolle wy oeral yn Fryslân de tsjerkeklokken liede litte as symboalysk fjoerwurk; as startskot foar it LF2018 jier.
Tryater organisearret op 26 en 27 jannewaris 2018 It Iepeningswykein fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Dit wykein foarmet it feestlike begjin fan it kulturele jier. Yn de binnenstêd fan Ljouwert foarmje op sneontejûn 27 jannewaris koaren, orkesten, fanfares en brassbands út Fryslân en dêr bûten, mei-inoar, ien grut orkest. De muzyk fan dit stêdsbrede orkest wurket mei-inoar ta nei it LF2018-liet fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma. Fisueel ferbylde troch dûns en projeksje. As útsetter wolle wy oeral yn Fryslân de tsjerkeklokken liede litte as symboalysk fjoerwurk; as startskot foar it LF2018 jier.
Praktysk
De Iepening is tusken sawat 21.30 en 22.00 oere en einiget mei it LF2018-liet. Nei it liet sille op de pleinen, yn de binnenstêd fan Ljouwert, de klokken begjinne te lieden. It is dan ek de bedoeling dat de klokken 5 minuten lang tagelyk yn hiel Fryslân liede sille! De Iepening wurdt live útstjoerd op NPO1, dêrom sil de krekte begjintiid earst op de jûn sels bekend wêze. Om 20.30 oere hinne sil dêrom in mail stjoerd wurde mei dêryn de krekte tiid dat de klokken liede moatte. Wy freegje jo om in oanmeldformulier yn te foljen, sadat wy in goed oersjoch ha fan alle tsjerken dy’t meidogge.
Wat soe it moai wêze as alle klokken yn hiel Fryslân meidogge!
Koördinaasje (tsjerke)klokken: Myrthe IJbema
Fragen? Mail nei m.ijbema@tryater.nl of belje mei 058-2882335
Sûnder dy kinne wy net begjinne