Loading...

8 desimber iepenbiere foarstelling Skûmbek yn De Harmonie

01 12 2017

Pak dyn kâns!

Op 8 desimber om 20:30 oere spilet Tryater in iepenbiere foarstelling fan Skûmbek (12+) yn De Harmonie. Pak dizze kans: it is de ienigste iepenbiere foarstelling fan dizze ûntregeljende soap oer foarspelberheid of foarspelbere soap oer ûntregeling.

Alles is presys sa’tst fan in soap ferwachtsje meist. De huzen binne perfekt. De ynrjochting komt streekrjocht út in ynterieurtydskrift en de bewenners silst noait op in moadeflater trappearje. Neat wurdt oan it tafal oerlitten. Fansels hawwe de bewenners problemen. Mar sels dy binne perfekt regissearre. Sa’n folmakke libben is lykwols net fol te hâlden. Stadichoan rekket de boel ûntregele…

Hoe sit it mei dyn eigen libben: is dat perfekt? Is dyn libben krekt sa ideaal as op dyn Instagram? Dochst presys wat oaren fan dy ferwachtsje of krekt wêr’tst sels nocht oan hast? Wat dochst wannear’tst dy even ûnwis fielst? Folgest dyn ympulzen of draachst dy sa’t it heart?

De jongerefoarstelling Skûmbek giet oer de striid tusken oanpasse of ergens útbrekke. Dochst wat der fan dy ferwachte wurdt of folgest dyn grillen? Litst alle grinzen los en wurdt it in gesellige gaos of rint it soms út op in regelrjochte ramp?

Tryater en Theaterfestival Jonge Harten fregen Karel Hermans en Aukje Schaafsma om in foarstelling te meitsjen foar jongeren. Se lieten har ynspirearje troch soapsearjes, ferwachtingspatroanen en sosjale konvinsjes. Mei Eva Meijering en Mathieu Wijdeven meitsje se in oansprekkende en ûntregeljende foarstelling oer de wrakseling dy’t elke puber yn syn libben meimakket: folgje ik myn ympulzen of behearskje ik mysels? Brûk ik myn fantasy of spylje ik op safe?

Skûmbek is in koproduksje fan Tryater en Theaterfestival Jonge Harten. De foarstelling is ûnderdiel fan in Station Noord-trajekt.


Karel Hermans wie earder by Tryater te sjen yn de jongerefoarstelling Holes (in koproduksje mei De Jonge Republiek). Aukje Schaafsma makke lêsten by Meeuw Jeugdtheaterschool de foarstelling Je kind lijkt stommer op een brommer. Beiden folgen in fjouwerjierrich talint-ûntwikkelingstrajekt by Tryater en Station Noord.

Nijs

Campagnebeeld voorstelling Anwar en de Wolf 22 04 2024

Jeugd & Jongeren brochure 2024/2025

De Jeugd & Jongeren brochure 2024/2025 is op de mat gevallen bij scholen, partners en alle andere geïnteresseerden. Deze gloednieuwe…

10 04 2024

Wil jij meer weten over de toegankelijkheid van onze voorstelling Fanfare?

Kom dan naar onze bijeenkomst op 17 en 18 april. Van 14.00 – 15.30 uur ben je van harte welkom…

26 02 2024

Tryater presenteert intieme podcast over fanfare

Na De Fanfaremonologen komt Fries theatergezelschap Tryater met nóg een audioproject: De Fanfarepodcast. In drie afleveringen presenteert maker Eline van…

15 02 2024

Tryater Rûnom schrijverspodium met monologenpodcast 

Fanfaremonologen bij Fanfare-drieluik  Een bijzondere expositie wordt donderdagavond 15 februari in ons gebouw geopend. Elf portretten van Friese fanfaremuzikanten, voorzien…

31 01 2024

Foarjiersfakânsje yn Stadsschouwburg De Harmonie. Wy dogge mei!

Op sneon 17 en snein 18 febrewaris om 14.00 oere en 16.00 oere is de beweechlike, hast tekstleaze beukerfoarstelling Groeigraach…

Foto van de jongerentheaterdag 31 01 2024

Tryater in wykein fol fan jongereteäter

Jongeren dy’t ynteresse hawwe yn teäter(meitsje) helje snein 11 febrewaris har hert op yn it gebou fan Tryater yn Ljouwert.…

25 01 2024

ActiefOnline: Jubilerend Tryater delft privé-archieven op

Het Friese theatergezelschap Tryater viert in 2025 zijn zestigjarig bestaan, onder meer met een fraai vorm te geven jubileumboek. Liefhebbers,…

21 12 2023

Winsk 2023

In spesjaal jier is wer omflein. Yn 2023 gjin lockdowns en yngewikkelde omwegen om foarstellingen te meitsjen of trochgean te…

20 12 2023

Tryater zoekt muzikanten (bas, trompet, cornet, euphonium, sopraansaxofoon en bugel)

Je hebt een tijdje geleden de oproep vast voorbij zien komen: Tryater zoekt muzikanten voor een gelegenheidsfanfare voor de voorstelling…

18 12 2023

Tryaters Fanfare compleet met Luizenmoeder-acteur Rop Verheijen

De Amsterdamse acteur Rop Verheijen, veel te zien in de Nederlandse theaters maar vooral bekend van televisie dankzij De luizenmoeder, Klokhuisen Wie…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado