De wearde fan TRYTHIS?! - Tim Verbeek
13 06 2017TIM VERBEEK:
‘TRYTHIS?! is hiel ferfrissend’
Tusken de hektyk fan syn wurk as regy-assistint by Het Zuidelijk Toneel troch wit Tim Verbeek dochs tiid te meitsjen foar in Skype-petear oer TRYTHIS?! Ofrûne jier wie hy foar de fjirde kear ien fan de teatermakers en hy draacht it projekt fan Tryater in waarm hert ta.
Wat makket datsto dit projekt al fjouwer kear dien hast?
‘Yn it foarste plak is it fansels gewoan wurk. Mar wêrom’t ik der mei trochgien bin, is omdatst as makker de folsleine frijheid krijst. It tema dêr’tst mei wurkest, is keppele oan in foarstelling fan Tryater. Hâldst dy wol oan dat tema, mar dêrbinnen bist frij om dyn eigen foarm, opdrachten en wize fan wurkjen te kiezen.
Fierder is it tawurkjen nei in einprodukt net fan sa’n grut belang datst hiel forsearre wurkje moatst. Der leit gjin grutte druk op in goede presintaasje. Dêrtroch ha ik op in hiel ûntspannen wize regissearje kinnen. Ik koe hielendal losgean yn it eksperimintearjen en lekker ‘freake’. Op dy wize is it projekt in moaie kâns om dy as makker te ûntwikkeljen, meters te meitsjen en selsfertrouwen op te bouwen.’
Fynst it dan gjin beheining datst dy oan in tema hâlde moatst?
‘Nee, ik tink dat it wol goed is datst dy ta wat ferhâlde moatst. Dat daget dy út ta nije dingen. Yn de beheining toant him de master. It leuke is dat elke makker wer hiel wat oars mei in tema docht. Ik hâld bygelyks hiel bot fan konkrete dingen en konkrete sênen, mar myn kollega Karel Hermans hâldt folle mear fan abstraksje. Dan krijst folslein ferskillende dingen.’
Wat hat TRYTHIS?! dy fierder as makker opsmiten?
‘It belangrykste dat ik der foar mysels úthelle ha, is dat ik it net altyd hoech ‘te witten’ as regisseur. Dat ik gewoan sa no en dan sizze mei: ‘Ik wit it net jonges, doch mar wat’.
Dêrneist ha ik ûntdutsen dat ik de minsken dy’t komme om mei te dwaan net yn beskerming hoech te nimmen. Ik mei se drege opdrachten jaan of yn it djippe triuwe. De alderearste kear TRYTHIS?! wie ik hiel didaktysk ferantwurde dwaande. Ik hie it echt as in soarte fan les taret, mei in doel dat ik dy jûn helje woe. Nei in tal byienkomsten kaam ik derachter dat ik sa net foar in groep stean wol, sa rigide. Dêr bin ik losser yn wurden. Dat komt troch de aard fan it projekt: it is in eksperimint.’
Wat tinkst dat TRYTHIS?! foar de dielnimmers sa leuk makket?
‘Ik tink dat der meardere saken binne. As earste is it hiel leuk om op sa’n losse wize yn de kunde te kommen mei teater. It projekt hat in bepaald ‘gesellichheidsgehalte’.
Der dogge geregeld minsken mei in teateroplieding lykas MBO Artiest of Docent Theater mei oan it projekt. Foar har kin it in ferdjipping wêze fan har spul en it is in kâns om mear ûnderfining op te dwaan. Foar minsken sûnder teateroplieding is TRYTHIS?! in hiele oare, nije manier om te learen en groepsprosessen te belibjen. It freget om wat oars as de klassike skoalske stúdzjestyl.’
Kinst dy oare wize fan learen omskriuwe?
‘Teater bestiet by de graasje fan ynteraksje, dus it is in hiel sosjale manier fan learen. Se moatte prate, elkoar oansjen, mei elkoar dingen dwaan, mei elkoar spylje. Dat is hiel fysyk. Fierder sitst hast noait stil. Bist oan it stean, rinnen, bewegen. Alles is yn it momint, it is net te plannen mar hiel kreatyf. Teater meitsje sit op in hiel oar yntelliginsjenivo as learen of skriuwen. Ik sjoch dat it hiel ferfrissend foar guon minsken is.’
MARIT DE WEERD