Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Ferdjipping by Wa oerlibbet de skries? op Oerol

11 06 2017

Tryater jout romte om oars te tinken. We fine fragen nijsgjirriger as antwurden. We binne altyd op ûndersyk út en geane graach yn petear. Dêrom organisearje we yn gearwurking mei Oerol en oare partners ekstra aktiviteiten by Wa oerlibbet de skries?.

  • Op sneon 10 juny om 10:30 oere binne Douwe Dijkstra en Karlijn Kistemaker te gast by Wakker worden met George en Eran op festivalterrein Westerkeyn.
  • Op moandei 12 juny fan 14:00 oant 15:00 is  Silvia Andringa te gast by it Oerolkolleezje mei Denker des Vaderlands René ten Bos, ek op Westerkeyn.
  • Op tiisdei 13 juny fan 16:00 oant 17:00 oere makket Zomaar Radio De Grote Gruttoshow mei presintator Wabbesch Wabbesch en sidekick Douwe Dijkstra op festivalterrein Westerkeyn.
    Kom del of harkje hjir live mei.
  • Op freed 16 juny om 9:00 oere organisearret Tryater in filosofysk skrieze-brochje. Tagong is fergees, opjaan is nedich, mail nei kaarten@tryater.nl.
  • Oerol fersoarget op freed 16 juny in neipetear troch Ilon Lodewijks nei de foarstelling fan 16:30 oere.
  • Op fersyk fan de Skylger skoalle foar fuortset ûnderwiis ‘t Schylger Jouw jouwe teaterdosinten fan Tryater fan moandei 12 oant en mei freed 16 juny workshops op de skoalle.
  • Op 8 en 9 juny wurkje de teaterdosinten fan Tryater op de Ljouwerter basisskoalle De Wynwizer mei bern oan trochjouwfragen foar harren âlders.
  • Tip: doch op Oerol mei oan de greidefûgelekskursjes en aktiviteiten fan Polderpracht, in projekt fan Vogelbescherming Nederland.

Mear ynformaasje oer de ferdjipjende aktiviteiten is te finen yn de app fan Tryater.

Skries-app

By Wa oerlibbet de skries? evoluearret it programmaboekje nei in app. Dêryn stiet alle achtergrûnynformaasje en râneprogrammearring. De app is te downloaden yn de Appstore en yn Google Play. De app is makke mei Appmachine.

Nijs

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado