Mei de Freonen fan Tryater nei Skylge
14 04 2017Tryater spilet dit jier de meartalige lokaasjefoarstelling Wie overleeft de grutto? op Oerol op Skylge.
Spesjaal foar de Freonen fan Tryater hat Tryater in folslein fersoarge dei-arranzjemint gearstald op woansdei 7 juny. Waddenbedriuw Neptunus út Harns sil ús mei de boaten Regina Andrea en Petra hinne en werom bringe. Jimme binne de alderearste(n) dy’t dizze foarstelling sjen kinne op Skylge, it is de earste repetysje op it eilân, twa dagen foar it begjin fan Oerol.
Mear ynformaasje of kaarten bestelle.