Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Eksklusive koarting op kaarten wilens Berneboekewike!

04 10 2019

It is Berneboekewike fan 2 oant en mei 13 oktober! Om’t wy dizze winter de foarstelling Karlsson fan het dak nei it berneboek fan Astrid Lindgren foar it earst oait op de Nederlânske planken bringe, is der wilens de Berneboekewike 40% koarting by oanskaf fan trije kaarten ôf! Keap de tickets fia dizze link op de side fan De Harmonie.

Astrid Lindgren is bekend fan Pippi Langkous, Ronja de Roversdochter en de Bruorren Leeuwenhart. Karlsson fan it dak is yn Nederlân in minder bekend boek, mar wurdt ek kleurd troch Lindgrens skaaimerkende eigensinniche karakters en grutse aventoeren. Earder spylden wy by Tryater al de famyljespektakels Ronja de Rôversdochter (2000) en De Bruorren Liuwehert (2006) yn Stadsschouwburg De Harmonie.

Karlsson fan it dak
De hiel gewoane Erik Erikson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear. Karlsson nimt Erik mei op syn rêch nei syn wrâld op it dak. Tegearre belibje se de spannendste aventoeren fol ûnhandige ynbrekkers, boaze omkes en soere muoikes. Ien ding is wis: as Karlsson yn de buert is, hoechst dy noait te ferfelen. Want mei net ien kinst sokke goede aventoeren belibje as mei Karlsson fan it dak, de meast ûngewoane held dy’t der bestiet!

Stap yn de magyske wrâld fan Karlsson fan it dak: it ferhaal oer de ûngewoane, dwerse en grappige freon dy’t dy op ’e nij sjen en ûntdekken leart en it aventoer yn dy losmakket.

  • Spylperioade: fan sneon 14 oant en mei moandie 30 desimber 2019, middei- en jûnfoarstellingen.
  • De foarstelling is folslein yn it Frysk, foar wy’t dat wol is der in Nederlânske oersetting beskikber.
  • De foarstelling is geskikt foar bern fan 8 jier en âlder.

Nijs

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado