Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

15 oktober: bysûndere edysje fan "Oan Tafel" in Lewinski yn Snits!

10 10 2018

Op moandei 15 oktober e.k. organisearret Tryater mei Lewinski in “Oan Tafel” jûn keppele oan de tematyk fan de nijste teaterfoarstelling Tryater, Doarp Europa.

Tryater hat foar dizze bysûndere edysje fan “Oan Tafel” teatermakkers Eelco Venema en Lourens van den Akker fan HOMSK frege har teatrale fideo-ynstallaasje Us Buorman Yn Tallinn te toanen. Dizze ynstallaasje is boud yn in âlde Katalaanske ambulânse dêr’t se yn de simmer fan 2017 mei nei Tallinn reizgen op syk nei de Europeeske dream. Har ûnderfiningen en it sammele filmmateriaal foarmje de basis foar de ynstallaasjes. Stipe troch visuals fan fideo-artist Frouke ten Velden en muzikant Hilbrandt ûndergiet it publyk in Europeeske dreamtrip. Dizze bysûndere ambulânse sil foar de waskstrjitte stean en de gasten fan “Oan Tafel” kinne yn groepkes fan 7 persoanen nei binnen. Nei ôfrin sille Eelco en Lourens oan tafel oanskowe om nei te praten oer de ynstallaasje en de tematyk Europa, identiteit en takomstdreamen. Fansels dogge we dat mei it hearlike iten fan Barry derby.

moandei 15 oktober e.k.
17.30 – 19.00 o
Fideo-ynstallaasje Us Buorman Yn Tallinn (7 persoanen tagelyk, doer 20 min) by de waskstrjitte

18.00 – 19.30 o
Oan Tafel: ite en petear mei Eelco en Lourens

Sjoch foar mear ynfo www.lewinski.nl / www.homsk.nl

Dizze jûn is ûnderdiel fan it ferdjippingsprogramma fan Doarp Europa. In programma dêr’t Tryater him ferdjippet yn en de ferbining oangiet mei de ynwenners fan de doarpen en stêden fan Fryslân troch moetingen en ynspiraasjemominten te organisearjen. It ferdjippingsprogramma fan Doarp Europa– is mei mooglik makke troch it BankGiro Loterij Fonds.

Doarp Europa is te sjen by lokale bedriuwen mei in ynternasjonale konneksje troch hiel Fryslân: dêr wêr’t wurke wurdt. Dêrneist wurdt de prolooch fertoand yn húskeamers: dêr wêr’t wenne wurdt. Tryater reizget mei dizze kleurrike foarstelling lâns doarpen en stêden yn Fryslân. Dizze meartalige foarstelling makket diel út fan it haadprogramma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Kom, sko oan, op de plakken dêr’t wenne en wurke wurdt en wêr’t de takomst op de wrâld komt!

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado