Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Yndrukwekkende earste lêzing Fierder nei it Noarden

02 09 2026
Sfeerfoto van cast bij de eerste lezing van Fierder nei it Noarden

Ferline wike tiisdei wie de earste lêzing fan ús nije lokaasjefoarstelling Fierder nei it Noarden. De cast, makkers en de rest fan it Tryater-team kamen yn de kunde mei it ferhaal oer Gabe en syn mem Sunny. Oer in reis nei it Hege Noarden, dy’t einige mei in nacht yn in autogaraazje dy’t Gabe altyd bybleaun is.

Under de lêzing krigen wy in earste yndruk fan de personaazjes, skreaun troch Herman van de Wijdeven. Ek kamen we yn ‘e kunde mei it spul fan de akteurs Tim Helderman, Tamara Schoppert en Mats Voshol ûnder rezjy fan Loek de Bakker. As ôfsluter krigen de oanwêzigen efkes in sneak peek fan de ferskate dissiplinen dy’t belutsen binne by de foarstelling. Scenograaf Sarah Nixon fertelde oer har plannen foar it dekôr- en kostúmûntwerp, Bo van der Ham dielde syn ideeën foar it ljochtûntwerp en Mats Voshol sleat de middei ôf mei in taljochting op de muzyk dy’t er foar de foarstelling makket.

Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikheid, oer in bern dat te betiid folwoeksen wurde moast en oer weromkeare om einlik foarút te kinnen. De foarstelling spilet fan 7 oktober o/m 28 novimber yn de wurkpleatsen fan Haaima Service & Auto’s op It Hearrenfean, yn Drachten en Ljouwert. De kaartferkeap is goed op gong en al in kwart fan de kaarten is ferkocht. Wolsto dit net misse? Bestel dan hjir dyn kaarten.

Sfeerfoto van cast bij de eerste lezing van Fierder nei it Noarden
Sfeerfoto van cast bij de eerste lezing van Fierder nei it Noarden
Sfeerfoto van cast bij de eerste lezing van Fierder nei it Noarden

Nijs

02 09 2026

Utnûging presintaasje ‘een sterk staaltje jeugdtheater uit het Noorden’ op moandei 16 novimber

Bisto yn ‘e organisaasje of op ‘e skoalle dêr’tst wurkest dejinge dy’t teäterfoarstellingen boekt? Dan nûgje wy dy fan herte…

Portretfoto van Ruthger Zijlstra 15 04 2026

Tryater hjit nije saaklik direkteur wolkom

Ruthger Zijlstra (36) út Ljouwert is op 1 july saaklik direkteur-bestjoerder fan Frysk teäterselskip Tryater. Hy folget Valentijn Fit op, dy't koartlyn nei tsien jier ôfskied naam.

30 03 2026

GEZOCHT: figuranten Swimbad

Voor de grote locatievoorstelling Swimbad zijn we op zoek naar kinderen (7 t/m 10 jaar of oudere kinderen die er jong uitzien) en volwassenen die willen meespelen als figurant. Swimbad speelt van 20 mei t/m 13 juni in openluchtzwembad Dúndelle in Bakkeveen. 

23 03 2026

Tryater slút festivalwykein foldien ôf

Tryater sjocht tefreden werom op it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfûn. Nettsjinsteande it strieljende wykeinwaar wiene de útfieringen troch amateurspilers hast allegear útferkocht, mei in útlitten festivalsfear yn it gebou as gefolch.

03 03 2026

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy't mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado