Uit in Huis

woansdei 1 septimber 2021

Op snein 5 septimber set yn Ljouwert it kulturele seizoen útein mei Uit in Huis. Tryater is derby mei Joop en Mads Wittermans dy’t yn ‘e Harmonie in foarpriuwke spylje fan de foarstelling Vader en zoon.

Kommende snein traapje mear as 27 kulturele ynstellingen it kultuerseizoen ôf mei Uit in Huis. Kinst ûntdekke wat kultureel Ljouwert te bieden hat. Ek Tryater is derby mei in foarpriuwke fan de foarstelling Vader en zoon mei Joop en Mads Wittermans tidens in programma yn De Harmonie. It programma start twa kear. De earste kear om 14:00 oere en de twadde kear om 15:30 oere. Sjochst ek previews fan Ivgi & Greben en Martijn Kardol. Foar it programma mei de preview fan Vader en zoon kinst fergees in ticket reservearje. Fan 13:00 oant 17:00 oere is de foyer fan De Harmonie iepen as trochrinrûte mei in searje foto’s fan De Harmonie yn koronatiid.

Besjoch it totale programma fan Uit in Huis op Facebook en yn de spesjale krante:

Vader en zoon is in koproduksje fan Tryater en Theater Producties Wittermans.