Doch ek mei oan de workshops!

Sin om sels te spyljen?
  • 20/03/2019
    Doch ek mei oan de workshops!

Hasto alles sels yn ‘e hân? Kinst gelok ôftwinge of bepaalt it nêst wer’tsto út komst dyn gelok? Mei dizze fragen gean we oan de slach yn de nije workshoprige fan Try This. Tegearre mei in jonge teatermakker wurkest yn fiif jûnen nei in koarte foarstelling. Dizze foarstelling spilest op 18 april foar publyk.

Dizze Try This is ynspirearre  op de nije Tryater foarstelling mei de yndrukwekkende titel: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern, ensafuorthinne en it hâldt mar net op.

Yn dizze foarstelling sjogge we deagewoane minsken wrakseljen mei harren libben om in bytsje lokkich te wêzen.  Fansels giest ek mei de groep de foarstelling besjen.

De workshops fine plak by Tryater oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert

Workshopdata (19:00 t/m 22:00 uur):
Woensdag 20 maart
Woensdag 27 maart
Woensdag 3 april
Woensdag 10 april
Woensdag 17 april

Spyldatum:
Donderdag 18 april

Ynspiraasje datum:
Vrijdag 22 maart – Nationaal Theater – ‘Onze Straat’ – Schouwburg De Lawei in Drachten.

Totale kosten: 20,-
Jou dy hjir op

Sin om sels te spyljen? Hasto alles sels yn ‘e hân? Kinst gelok ôftwinge of bepaalt it nêst wer’tsto út komst dyn gelok? Mei dizze fragen gean we oan de slach yn de nije workshoprige fan Try This. Tegearre mei in jonge teatermakker wurkest yn fiif jûnen nei in koarte foarstelling. Dizze foarstelling spilest op […]