In foarstelling oer de ympakt fan wurk op dyn libben, wêryn’t Ljouwerters fan alle leeftiden meispylje
Freegje wyldfrjemde minsken op in feestje wa’t se binne en njoggen fan de tsien sille begjinne oer wurk. Nimmen begjint fuortendaliks oer syn húsdier, politike foarkar of leafdeslibben. Wurk bepaalt ús identiteit. Mei dy konstatearring luts it jonge teaterselskip Skoft&Skiep de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen yn, de wyk dy’t de reputaasje hat de earmste wyk fan Nederlân te wêzen. Yn Work work work work work toant Skoft&Skiep in nij ynsjoch yn arbeid en sinjouwing en jout in stim oan minsken dy’t net fanselssprekkend sichtber binne; minsken dêr’t in soad oer, mar net perfoarst mei praten wurdt.
Skoft&Skiep is in jong Noardlik kollektyf, besteand út teatermakkers Karel Hermans, Aukje Schaafsma en Tatiana Pratley. Yn 2014 makken sy tegearre Never walk alone as Sneak Preview by Tryater. In feestlike foarstelling oer groepsgefoel dêr’t 100 Ljouwerters yn meispilen en dêr’t sy in eigen wurkwize mei ûntwikkelen dy’t se yn Work work work work work fierder útwurkje.
Skoft&Skiep bestudearret de wrâld as amateur-antropolooch en makket foarstellingen mei in dokumintair en byldzjend karakter. It ûndersyksproses en de minsken dy’t sy tidens it foarûndersyk moetsje spylje in grutte rol yn de úteinlike foarstelling.
Work work work work work is in Satellyt; Tryater stipet Skoft & Skiep mei ekspertize en materiaal.