Wenje ik yn ‘e Wâlden of bin ik de Wâlden? | Tryater Ferdjippet

Op snein 2 desimber fan 14.30 – 17.00 oere organisearret Tryater mei de Verhalenkamer en Stichting Dam Jaarsma in ynspirearjende, twatalige middei yn de Verhalenkamer yn Eastermar. Doarp Europa fan Tryater is dizze hjerst te sjen op ferskate lokaasjes yn de provinsje. Om it tema fan de foarstelling – wa bin ik en wêr bin […]

Argyf
Op snein 2 desimber fan 14.30 – 17.00 oere organisearret Tryater mei de Verhalenkamer en Stichting Dam Jaarsma in ynspirearjende, twatalige middei yn de Verhalenkamer yn Eastermar.

Doarp Europa fan Tryater is dizze hjerst te sjen op ferskate lokaasjes yn de provinsje. Om it tema fan de foarstelling – wa bin ik en wêr bin ik thús? – krêft by te setten en de dialooch mei it publyk oan te gean, manifestearret de produksje him yn ferskillende uteringsfoarmen: foarstellingen, húskeamerfoarstellingen en ferdjippingsprogramma.
As ûnderdiel fan it ferdjippingsprogramma organisearret Tryater in ferhalemiddei oer lânskip en identiteit keppele oan in tal ferhalen fan Dam Jaarsma.

Programma
> 14.30 Ûntfangst mei kofje en tee
> 15.00 Oanfang ferhalemiddei
• Ynlieding en lêzing oer it lânskip de Noardlike Fryske Wâlden en de ynfloed hjirfan op de mentaliteit fan de Wâldpiken troch Gabriël Vriens, lânskipssaakkundige.
• Folksferhalen yn de Wâlden en yn Europa – troch masterferhaleferteller Douwe Kootstra.
• Folksferhalen yn de Noardlike Fryske Wâlden – sammele troch Dam Jaarsma – wêryn’t it lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden en de identiteit fan syn ynwenners fan betsjutting is.
• Fryske ferhalen yn Europa. Hoe unyk binne dizze ferhalen no wier?
> 17.00 Ein ferhalemiddei
Dêrnei is romte foar in neipetear. Wêr fielsto dy bygelyks thús?

Tagong & oanmelding
€10,- (ynkl. kofje/tee). It tal beskikbere plakken is beheind, oanmelde is dêrom needsaaklik. Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei De Verhalenkamer, e-mailadres: verhalenkamer@eastermar.nl.