Wat jo wolle

De ideale teaterjûn

Argyf
In teaterjûn as ôfspegeling fan ús maatskippij. Elkenien hat in miening. Elkenien komt de seal yn mei in winsk, in ferwachting.

Mei elkoar bepale wat we belangryk fine. Dat is it ideaal fan ús demokrasy. We besykje dat sa goed mooglik yn te rjochtsjen, mar dochs groeit der ûntefredenheid. Neist stimme en folgje fan it nijs is der hieltyd mear ferlet fan referinda, boargertoppen, boargerfoara ensfh. De syktocht nei demokrasy fan hjoed-de-dei is begûn. “Hoe soargje we derfoar dat we derút komme sadat elkenien tefreden is? Hoe soargje we derfoar dat elkenien tefreden is en we derút komme?”- is ien fan de teksten út de foarstelling Wat jo wolle fan Tryater.

In teaterjûn as ôfspegeling fan ús maatskippij. Elkenien hat in miening. Elkenien komt de seal yn mei in winsk, in ferwachting.

Yn Wat jo wolle besykje fjouwer akteurs op ultime wize in teaterjûn te kreëarjen dêr’t foldien wurdt oan alle easken dy’t it publyk dêroan stelt. Oan de hân fan enkêtes – it demokratysk prinsipe fan it gelyk fan de mearderheid folgjend – bouwe se in fleurige foarstelling op dy’t presys foldocht oan de winsken fan it publyk. It liket in simpele formule, mar dat is it net. Want elkenien hat in eigen miening en elkenien hat eigen opfettingen. Hoe dreech is it om it elkenien nei de sin te meitsjen…

Ek de fjouwer spilers ferskille fan elkoar. Har opfettingen– oer teater, it publyk, de wrâld – botse mear as ien kear. De syktocht nei wat it publyk wol, feroaret stadichoan yn in syktocht nei harsels en har gearwurking.

De fraach komt op oft safolle mieningen en winsken wol te ferienigjen binne. Is it mooglik om elkenien te jaan wat hy of sy wol? En as dat sa is, smyt dat dan in dreamde teaterjûn op? Jo meie it sizze.

 

Kredits

Tatiana Pratley | Wessel de Vries | Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg, Ali Zijlstra | Sacha Zwiers | Hilbrandt | Nina Thunnissen |

Parse

"Uitbundige zoektocht naar de ideale theateravond"

— Theaterkrant 23-10-2017

"Wat ‘men’ wol? Dat is in jûnlang genietsje fan spilers dy’t sjen litte dat sy it fak behearskje"

— De Moanne 16-10-2017

"Tryater en de omkearde spegel"

— Leeuwarder Courant 14-10-2017

"Op zoek naar wat het publiek wil"

— Leeuwarder Courant 12-10-2017

"Tryater bringt oade oan ferskiedenheid"

— Friesch Dagblad 10-10-2017

"Kinne we wol út 'e fuotten mei: 'Wat wy wolle'?"

— Buro de Vries 3-12-2017

Ferdjipping

In foarstelling begjint al foar ‘t publyk de seal ynrint en is net ôfrûn by it applaus. Tryater organisearret dêrom ûnder de namme Tryater Tinkrom op ferskate lokaasjes ekstra aktiviteiten by de foarstellingen, gauris yn gearwurking mei nijsgjirrige partners. Ynspiraasjejûnen, workshops, ynliedingen en neipetearen om fierder te praten oer de tematyk fan de foarstellingen en oer de mienskip dêr’t we yn libje.

Regisseuse Tatiana Pratley: ‘In hiel libben lang fine we wat, wolle we wat en hawwe we in miening. En ek al ha we faak de bêste bedoelingen, ús winsken, langstme en idealen botse faak mei dy fan oaren. Wat mear minsken by elkoar, wat dreger om ta oerienstimming te kommen. Wat jo wolle giet foar my oer hoe yngewikkeld oft it wêze kin dat wy minsken allegear wat wolle, en hoe bot it de muoite wurdich bliuwt om, nettsjinsteande dat gegeven, mei elkoar te sykjen nei in wize om by elkoar te kommen. Ik leau dat elk besykjen yn wêzen de muoite wurdich is. Net allinne it besykjen om in ideale teaterjûn foarm te jaan, mar ek it stribjen nei in ideale foarm fan mei elkoar libje.’