TryaterTV

.

Bestel kaarten
Sjoch nei TryaterTV om op ‘e nij te genietsjen fan foarstellingen dy’t Tryater makke hat, mar ek om oan de hân fan de foarstellingen de aktualiteit te beskôgjen en sa mei oare eagen nei de wrâld te sjen.

Tryater hat in eigen kanaal! Op You Tube kin elkenien trailers en vlogs besjen fan de meast resinte foarstellingen, mar dêr komt no TryaterTV by. Klik op de link of sykje ús op op internet en dûk mei ús yn it argyf. We dogge ynterviews mei teatermakkers, besprekke foarstellingen en litte scenes sjen. We pakke titels fan koartlyn, mar ek fan jierren lyn – as de kwaliteit fan it filmmateriaal it talit.

Yn de twadde ôflevering is Tamara Schoppert te gast. Yn 1996 spile se de rol fan Stanzi yn de foarstelling Pak ‘m Stanzi, regissearre troch Jos Thie. Oan ‘e hân fan sênes sjocht sy werom op dizze bysûndere en benammen dynamyske foarstelling, wêrmei’t Tryater mei in soad sukses in toer troch Fryslân makke hat.

De earste ôflevering dy’t we makke ha giet oer Wereldburgers van de Voorstreek. Oan ‘e hân fan sênes prate regisseur Ira Judkovskaja en LC-journalist en antropoloog Kirsten van Santen oer it ta stân kommen fan it projekt Wereldburgers van de Voorstreek: de foarstelling, de website en it tiidskrift.