Theater na de Dam: Try Freedom (podcast)

Tryater y.g.m it Fries Museum

Argyf
Hoe fielt frijheid? En wat betsjut it ast net frij bist? Op 4 maaie betinke wy 75 jier frijheid.

We tinke werom oan in swarte tiid dy’t fier achter ús leit.
Foar Generaasje Z skiednis…
Boeit it dizze generaasje noch?
Try This, in klub fan jonge minsken, stelt harsels fragen, sjocht werom en foarút.
Want frijheid is aktueler as oait. Foar elkenien!
Wat is der nedich om fan frijheid genietsje te kinnen?
Lústerje nei ús ferhaal, it ferhaal fan seis jonge minsken anno no.

Tiden en data
Fan moandei 4 maaie 2020, 21.00 oere ôf fergees te belusterjen fia dizze webside en www.friesmuseum.nl
Duer Podcast:  30 minuten


Betinke en teater
Theater Na de Dam is in inisjatyf fan de teatermakkers en filosofen Jaïr Stranders en Bo Tarenskeen. Yn 2010 hienen se noed oer de ôfnimmende sizzenskrêft fan de Nasjonale Deadebetinking. Mei Theater Na de Dam wurdt in besteand gebrûk út de jierren ’60 om nei de Deadebetinking tapaslike toanielteksten foar publyk te lêzen, oppakt en grutter trochset.

Sjoch foar mear ynformaasje op theaternadedam.nl


Try Freedom is mei mooglik makke troch: Fries Museum, Fries Verzetsmuseum, Theater na de Dam, Fonds 21, VSB Fonds en Tryater

Kredits

Sarah van der Meere | Sil van Kalker, Joan Schippers, Natasja Faber, Tamara Slot, Lot Meijerink, Nina Keultjes | Maarten Dikken | Filosoof Marius De Vries, Schrijver Anne Knipping, Podcastmaker Abel de Kam | Jannie van der Veen (Tryater), Josine Zuidema (Fries Museum), Hanna Timmers (Theater Na De Dam), Tatiana Pratley (Tryater), Harmen Ridder-Bos, Marieke Swart |