in kleurrike smaaksoap oer it belibjen fan ultime geloksgefoelens
Ast snobbest, is it krekt oft der in feestje oan de gong is boppe op dyn tonge. Krekt oft der fleurige lampkes yn dyn holle begjinne te brânen. Wurdst der hi ha happy fan en wa wol dat no net!?
Yn in kast op skoalle binne mear as 1.000 suertsjes fûn! Net ien mei derfan ite, want ‘snobbersguod moat fuort’. Jos en Wendy fan de ‘Dienst ter Bestrijding van Suiker’ krije de opdracht om alle bernegebitten te kontrolearjen en it gefaarlike guod út de skoalle te heljen. Mei har spesjale suertsjestofsûgers en sûkerkearende pakken gean se oan de slach. Mar Wendy is eins in enoarme swietbek. It wetter rint har om de tosken fan al dat lekkers. Wat kin der no ferkeard wêze oan ien tumtumke? In hiel lyts minymarsje? In slikje fan in lolly? Slagget it Jos en Wendy om de o sa swiete ferlieding te wjerstean?
SKOALLEFOARSTELLING BOEKE?
Dizze foarstelling is as skoallefoarstelling te boeken en geskikt foar bern fan 4 o/m 6 jier. Kinst dyn klasse ynskriuwe en dan organisearje wy dizze prachtige edukative teaterûnderfining op dyn skoalle.
Technyske gegevens Sûkerswiet:
Prizen Sûkerswiet:
Boeke? Folje dan dit formulier yn.
Mear fragen oer boekingen, nim kontakt op mei Nienke Rullmann:nienke@tryater.nl