Spesjaal foar Freonen fan Tryater: programma rûnom ‘Karlsson fan it dak’

Programma rûnom famyljefoarstelling nei it boek van Astrid Lindgren

Bestel kaarten
Spesjaal foar de Freonen fan Tryater organiseare wy op tongersdei 12 desimber in aktiviteit om Karlsson fan it dak hinne, yn De Harmonie.

Tryater hat foar har Freonen in programma gearstald mei in ynlieding oer de foarstelling troch Wessel de Vries (skriuwer fan it skript), in rûnlieding troch De Harmonie, ek efter de skermen! en fansels litte we de Freonen as ien fan de earsten in lyts stikje fan de foarstelling sjen.

It programma is as folget:

15.00 oere: Ynrin mei kofje/tee en wat lekkers
15.15 oere: Wolkomstwurdsje troch Jelle Terwal (foarsitter Freonen) en taljochting op it programma/routing/groepsyndieling
15.30 oere: Oanfang rûnlieding en ynleiding
16.00 oere: Wiksel fan groepen
16.15 oere: Rûnlieding en ynlieding
16.45 oere: Eltsenien komt werom en we geane de seal yn dêr’t Karlsson repetearret
17.00 oere: Oanfang repetysje fan in scène
± 17.30 oere: Neiprate mei in drankje en in hapke

In leuk foarpriuwke op Karlsson fan it dak, komme jim ek? Kaarten foar dizze aktiviteit binne € 7,50 it stuk.

Oare foarstellingen

Karlsson van het dak (8+) van Astrid Lindgren