Skûmbek

Foar ûnderbou – VMBO, HAVO, VWO

Bestel kaarten
Dit stiet nèt yn it skript!

Wolkom by de live-opnamen fan de populêre soap Skûmbek!

Akteurs Karel Hermans, Eva Meijering, Aukje Schaafsma en Mathieu Wijdeven hite dy fan herte wolkom op de set dêr’t se al jierren dizze sitcom spylje. Live makkest as publyk de sprankeljende libbens mei fan húsgenoaten en BFF’s Jimmy, Charlotte, Dennis en Veerle.

De personaazjes binne folmakke stereotypes, wenjend yn in geweldich leuk hûs, en kenne inkeld drama dat altyd wer goed ôfrint. Dêrneist boeke de akteurs grutte suksessen mei har vlogdeiboeken dêr’t se mei reflektearje op de opnamen, de sênes en har personaazjes.

Al njoggen jier spylje se ûnûnderbrutsen har rol neffens it skript. As ien fan de akteurs him op in stuit ôffreget wêrom’t syn personaazje yn njoggen jier tiid noch hieltyd itselde bleaun is – yn it echte libben is dat toch ek net sa? –, set er in stoarm yn gong dêr’t neat mear ‘neffens it boekje’ yn giet. Yn har ûntregeljende syktocht nei de ûntwikkeling fan har personaazjes, ûntwikkelje se harsels.

De jongerefoarstelling Skûmbek giet oer watfoar rollen oftst yn it libben spilest. Bist oeral itselde? Giest mei yn wat oaren fan dy ferwachtsje of silst op syk nei dysels? Doarst te feroarjen?

Konsept en spul: Karel Hermans, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Mathieu Wijdeven


Karel Hermans en Aukje Schaafsma folgje beide it fjouwerjierrige talintûntwikkelingstrajekt by Tryater. Karel wie earder te sjen yn de jongerefoarstelling Karawane. Mei Aukje Schaafsma makket er ûnderdiel út fan it teaterkollektyf Skoft&Skiep. Se betochten en spilen yn de Oerol-foarstelling Part-Time Paradise, in koproduksje mei Tryater.


SPYLLIST

YNFO

MEAR WITTE OF RESERVEARE

 

Kredits

Karel Hermans, Aukje Schaafsma | Karel Hermans, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Mathieu Wijdeven | Ira Judkovskaja | Anne Brouwer, Pim Kraan | Hanne Pierrot | Douwe Dijkstra | Ben Vrielink | Henk van der Kooi |
Karel Hermans
Eva Meijering
Aukje Schaafsma
Mathieu Wijdeven

Parse

"Een onvervalste soap met twee stellen en twee bankstellen"

— Dagblad van het Noorden

Lesbrief

Over deze les
Met deze les kun je je klas voorbereiden op het theaterbezoek aan de voorstelling Skûmbek. De leerlingen krijgen inzicht en worden zich bewust van verschillende rollen in het leven, welke rollen ze zelf spelen, wat hun favoriete rol is en hoe/waarom je een andere rol aanneemt. De les bestaat uit drie opdrachten die je steeds inleidt met een filmpje.

Les Skûmbek Part 1: Verschillende rollen
Les Skûmbek Part 2: Discussiespel

Les Skûmbek Part 3: Verander-je-rol-spel

Oare foarstellingen

Try This Workshopreeks 2019