Rûntsje hûntsje (4+)

In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en hokker kleuren oftst yn it tsjuster sjochst

Bestel kaarten
In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en hokker kleuren oftst yn it tsjuster sjochst.

Hilde is ûnder-siker. Se siket ûnder de dingen, om’t se mear fan dy dingen witte wol. Se wol it begripe. As op skoalle ynienen in frjemd en tsjuster gat ûntdutsen wurdt, wurdt Hilde belle om ûndersyk te dwaan. Mei Mûs, dy’t har helpt, mjit se it gat, want mjitte is witte en witte is mjitte. Mar dan komt der ynienen in jonkje oanrinnen, mei in hiel drok hûntsje… Se stjoere Hilde har ûndersyk folslein yn ’e hobbel.

Rûntsje Hûntsje spilet op basisskoallen yn Fryslân en Grinslân. In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en grutte ûntdekkingen, lykas: it tsjuster hat mear kleuren ast tinkst.

Kredits

Wessel de Vries | Tatiana Pratley | Sjoerd Blom en Eline de Vries | Sarah Nixon | Laurens van der Meulen | Nina Thunnissen | Jan Bruinsma en Aart Laferte | Ineke Duivenvoorde (pop Hûntsje en Mûs) | Jannie van der Veen en Sytse Jansma |

Lesbrief

IT LESMATERIAAL
It lesmateriaal by de foarstelling Rûntsje Hûntsje bestiet út in poster mei magneetsticker en in foarlêsboek/hânlieding.  De lessen binne it meast geskikt om foarôf oan de foarstelling te dwaan. Alles wurdt twa wiken fantefoaren nei de skoallen opstjoerd.

Muzyk foar by de ‘Rûntsjedûns’!
Klik hjir!


AVENTOERLIK LEARE
De foarstelling Rûntsje Hûntsje giet oer freonskip en it oandoarjen om it ûnbekende te ûndersykjen. Wat dochst as op dyn skoalle hommels in nuver en tsjuster gat ûntdutsen wurdt? Silst op ûndersyk út, of rinst der it leafst mei in heal rûntsje omhinne? Kin it dêr allinnich mar tsjuster wêze of komst dêr ûnder miskien wol prachtige kleuren tsjin?

Mei de lessen by dizze foarstelling wurde de learlingen útdage om iepen te stean foar it ûnbekende. We sille ûntdekkend en aventoerlik leare! De natuerlike nijsgjirrichheid by bern is it útgongspunt by dizze lessen. We besykje op dizze wize it kreative tinken oan te wakkerjen.

Wurkje yn twatallen
Mei dizze lessen stimulearje we ek om yn twatallen te wurkjen. Alle lessen jouwe suggestjes hoe’tst dit dwaan kinst. Troch gebrûk te meitsjen fan koöperative wurkfoarmen is der mear romte foar dialooch en leare de bern gear te wurkjen mei ien dy’t faaks hiel oars leart of sjocht. Yn de foarstelling spilet de tematyk fan gearwurkjen/freonskip ek in wichtige rol.