Rûnlieding yn Zalen Schaaf en stedskuier (17 en18 april)

Fergees yn kombinaasje mei in foarstellingskaart

Argyf
Fergees te boeken yn kombinaasje mei in kaart foar de foarstelling: in rûnlieding yn Zalen Schaaf + stedskuier op 17 en 18 april foarôfgeand oan de foarstelling Trouwerijen, rjochtsaken ensfh...

Tryater spilet yn Zalen Schaaf: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op fan 26 maart oant en mei 20 april.

Moetsje yn dizze folkse komeedzje seis groteske personaazjes dy’t rapper prate as se tinke. Skuldich oan har leed en dat fan de oar. Dy’t yn har syktocht nei gelok wrotte, lige, bedonderje en leafhawwe. Mar dogge we dat stikem net allegearre?

Spesjale aksje: Rûnlieding yn Zalen Schaaf + stedskuier troch A Guide to Leeuwarden

A Guide to Leeuwarden fersoarget de spesjale rûnlieding + stedskuier foar oanfang fan de foarstelling. Dizze toer dûkt yn de skiednis fan it histoaryske stedsteater en omjouwing. Untdek it ferhaal fan dit 221 jier âlde teaterkompleks mei syn slachtkelders, binnentún en tsjerkeflier en rin foar de foarstelling mei ien fan de gidsen mei. Silst Zalen Schaaf mei oare eagen besjen.

De stedskuier is, yn kombinaasje mei de foarstelling , fergees te boeken op ûndersteande data:

Woansdei 17 april: rûnlieding + stedskuier 18.30 – 19.30 oere, oanfang foarstelling 20.00 oere
Tongersdei 18 april: rûnlieding + stedskuier 18.30 – 19.30 oere, oanfang foarstelling 20.00 oere

Spyldata en lokaasje
Troufeesten, rjochtsaken ensfh… is fan 26 maart o/m 20 april te sjen op lokaasje yn Zalen Schaaf. Dit is ek it start- en einpunt foar de stedskuier.

Bestel gau, der is beheind plak!

N.B. Neist it boeken fan in plak by de rûnlieding+stedskuier moatte jo noch apart in kaart foar de foarstelling reserveare!

Oare foarstellingen

Tryater speelt in Zalen Schaaf: Trouwfeesten en processen, vuile hoeren, bedriegers…