Tryater Rûnom – Radio Moanneljocht

Tsien skriuwers litte harren ynspirearje troch Nacht

Argyf
Tsien skriuwers litte harren ynspirearje troch Nacht. Te belústerjen op Omrop Fryslân Radio fan 3 o/m 12 maaie.

It lêste jier binne we in soad thús en sliepe we minder.
Soms fielt it oft we yn in einleaze nacht belâne binne.

Tsien skriuwers litte yn tsien koarte ôfleveringen har eigen skreaune teksten hearre om de lústeraar yn it moanneljocht te setten. De ferhalen en gedichten, wêrfan 6 Fryske en 4 Nederlânske, binne ynspirearre op it tema fan Nacht.

Fan 3 oant en mei 12 maaie is der alle nachten nei it nijs fan 24.00 oere in ôflevering te belústerjen op Omrop Fryslân Radio. De skriuwers drage it eigen wurk foar.

In útstjoering op dat lette tiidstip jout de lústeraar in momint om eefkes stil te stean by de moanne en te reflektearjen op de nacht. De skriuwers hawwe harren dwaande hâlden mei fragen as ‘Hoe rûkt de nacht? Hoe klinkt de nacht? Wêr tinksto oan flak foar it sliepen gean?’ En ‘Wat sjocht de moanne, as se nei ûnderen ta sjocht?

De moanne ropt al sûnt alle tiden wat fan magy op by de minske. Hoe soe it der dêr útsjen? Kinst der wenje? As de dei op syn ein rint, wannear’t de stilte oer Fryslân lûkt, sjocht de moanne nei ús.
Radio Moanneljocht lit syn ljocht skine op de minske yn de tsjustere nacht. Wat hâldt dy wekker? Mei dizze kreative taaluteringen wol Radio Moanneljocht minsken graach optille út de deistige realiteit wei.

Utstjoering fersitten? Kinst hjirûnder alle útsjoeringen weromlústerje.



Idee, workshop en opnames: Sytse Jansma en Raymond Muller
Skriuwers: Iris Dicke, Hedwig Louise Bakker, Marijke Huisman, Remco Kuiper, Nelleke Wouters, Pieteke de Boer, Jeannette Boskma, Ydwine van der Veen, Ytsje Hoekstra en Roelien Klandermans

Oare foarstellingen