De jammerlike mar ûnûntkombere ûndergong fan in naïveling

freed 9 novimber 2018 – freed 14 desimber 2018

Parsifall (14+)

Bestel kaarten
De jammerlike mar ûnûntkombere ûndergong fan in naïveling

Parsifall is út in koma wekker wurden. Hy kin him dizich de wjerljocht yn it sin bringe dy’t yn syn holle ynsloech. Alles gie op swart. Control Alt Delete. Fuort oantinkens. Wat no telt, is dat er de wrâld op ’e nij kennen leart. Alles moat op ’e nij leard, ûnderfûn en woegen wurde. Parsifall is nijsgjirrich, beret en wol syn ideaal neijeie. Hy begjint syn syktocht en leart de wrâld fia it ynternet en syn twa freonen kennen. Mar sa maklik giet it net. As yn in game, dêr’t in character alle kearen wer de ferkearde besluten yn nimt en ferliest, ferdwaalt Parsifall yn de bûtenwrâld en stikt yn alle mieningen en emoasjes yn syn besletten binnenwrâld. Mei as resultaat in meltdown, ûntploffing, fall-out. Parsifall moat wer op ’e nij begjinne. Mar dizze kear net mear mei de fraach ‘wat wol ik, wat ha ik nedich’ mar mei ‘wat wolsto, kin ik wat foar dy dwaan.’

Parsifall is in koproduksje fan De Jonge Republiek en Tryater en is ynspirearre op de midsiuwske Arthur-sêge, Parsifal en de hillige graal. De foarstelling is in moderne syktocht nei de fraach oftst anno 2018 dyn ûnskuld en naïviteit hâlde kinst. We helje Parsifall út de midsiuwske kontekst en pleatse him binnen de rappe feroaringen en kompleksiteit fan ús tiid. Wêr wriuwt it tusken Parsifall en syn konfrontaasje mei de wrâld? Wêr rekket dyn eigen wrâld dy fan de oar? In moderne syktocht oer folwoeksen wurde en it gefjocht om kontakt mei de wrâld te meitsjen.

SPYLLIST

De Hege Fonnen | De Lemmer | 12 novimber 2018
Theater Sneek | Snits | 27/28 novimber 2018
De Lawei | Drachten | 19/20 novimber 2018
Stadsschouwburg De Harmonie | Ljouwert | 27/28 novimber 2018
Posthuis Theater | It Hearrefean | 11/12 desember 2018
Sense | Dokkum | 29/30 novimber 2018
De Koornbeurs | Frjentsjer | 3/4/5 desember 2018
Grand Theatre | Grins (stêd) | n.t.b.

YNFO

De foarstelling duorret 60-75 minuten | Begjintiden binne yn oerlis.
Foar boppebou (14+) – VMBO, HAVO, VWO, GYMNASIUM
Priis  € 10,00 per learling  (Kultuerkaart en busferfier mooglik)

MEAR WITTE OF RESERVEARJE

Sytse Jansma –  sytse@tryater.nl
Jannie v/d Veen – jannie@tryater.nl

Kredits

Silvia Andringa | Jan Sobrie | Tim Linde, Lourens van den Akker en Khouloud Zaher | Elze van den Akker | Udo Thijssen | Arien de Vries | Ben Vrielink | Job de Roo |

Lesbrief

By dizze foarstelling biede wy dy fergees in yntroduksjeles oan op dyn skoalle. In edukaasjemeiwurker sil mei help fan in app fragen foarlizze oan de learlingen wêrtroch se by harren sels neigean moatte hokker minsktype se binne. Bist in idealist of in YOLO?

Mear ynfo folget noch.