Oan tafel mei Dokkum

In ynspirearjende jûn oer de krêft fan Dokkum

Argyf
In ynspirearjende jûn oer de krêft fan Dokkum op 7 maart yn De IJsherberg

Wat makket Dokkum sa’n nijsgjirrich wurkplak? Wat makket dat we ús hjir thúsfiele? Heakje oan by dit bysûndere Walking Dinner mei in ferhalemenu fan Jojanneke Dijkstra (Booking Dokkum), Jasper de Veer (VAO-Bewind) en Ira Judkovskaja (Tryater) oer de ûndernimmende krêft fan Dokkum!

Der wurdt in hearlik diner fersoarge troch De IJsherberg. Yt mei foar mar €20,- de persoan ynklusyf twa konsumpsjes. Oanmelde koe oant en mei 4 maart.

17.00o ynrin
17.30o – 20.00o programma mei diner

Adres: De IJsherberg, Harddraversdijk 1, Dokkum

Dizze jûn wurdt organisearre troch de Open Coffee Club mei ynhâldlike stipe fan Tryater en mei meiwurking fan De IJsherberg.