tongersdei 13 desimber 2018 – sneon 22 desimber 2018

Nonférence – Karel Hermans

Sjoch der mar net nei út; watst ferwachtest krijst toch net.

Bestel kaarten

Non-konformistysk, destruktyf en tsjin de tried yn. Djipsinnich en kwetsber. Yn Nonférence ûntledet Karel Hermans de âldjierskonferense én himsels, tsjin de konvinsjes yn.

“Leaf publyk, om mei elkoar it kleinkeunstjier út te lieden, lústerje we jûn nei Wim Kan dy’t de oere folje sil mei eigen ferskes en konferenses.” Sa waard de earste âldjierskonferense op 31 desimber 1954 oankundige op de radio. Sûnt dy tiid is it fenomeen útgroeid ta in jierlikse hype wêrby’t mannich kabaretier de planken bestoarmet yn in burn op it jier dat hast op syn ein rint.

Teatermakker en akteur Karel Hermans bringt dy yn Nonférence in ûnferwachte en ferfrissende refleksje op 2018: non-konformistysk, destruktyf en tsjin de tried yn. Djipsinnich en kwetsber. It is de entertainer dy’t syn eigen entertainment yn twivel lûkt. De man dy’t langstme hat nei ienheid, mar tagelyk ek de massa mijt. Mei regisseur Eelco Venema en foarmjouster Hanne Pierrot ûntledet Karel Hermans de âldjierskonferense én himsels, tsjin de konvinsjes yn.

Karel Hermans is ien fan de jonge, talintfolle teatermakkers dy’t we graach oan ús publyk foarstelle. Earder wie er by Tryater te sjen yn ûnder oare Wa oerlibbet de skries? en de jeugdfoarstelling Karawane. In soad minsken kenne Karel fan it kollektyf Skoft&Skiep (bekend fan Het heilig hert van Cambuur) dat er mei Tatiana Pratley en Aukje Schaafsma foarmet.

Kredits

Karel Hermans | Karel Hermans | Eelco Venema | Hanne Pierrot | Oedske de Jong |
Karel Hermans

Parse

"Nonférence, invallen over het leven en ander gefilosofeer"

— Suksawat

"Achterom kijken naar 2018 in Nonférence"

— LC