Nacht

Wat nimsto mei de nacht yn?

Bestel kaarten
In lokaasjefoarstelling yn parkeargaraazje De Klanderij oer de tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten fan minsken dy’t let op de jûn noch wekker binne.

Wat nimsto mei de nacht yn?

De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer de stêd. In ferpleger, in Ljouwerter fytsmakker, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste en in bestjoersfoarsitter fan in glêstúnboubedriuw, allegearre binne se noch wekker. Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch yn dizze parkeargaraazje? Twa befeiligers hâlde it minsklik ferkear fan it parkeardek ôf yn de gaten. Underwilens tune se yn op in nachtlik radioprogramma, dêr’t presintator Rinke in lústerjend ear biedt oan elkenien dy’t net sliepe kin.

Yn Nacht bist tsjûge fan de tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten fan minsken dy’t let op de jûn noch wekker binne. Har paden kruse elkoar yn de parkeargaraazje. In ûnferwachts foarfal op it parkeardek bringt har byinoar, wêrnei’t alles wer ljocht wurdt.

Nacht is in aventoerlike syktocht yn it tsjuster. Belibbest it earste part fan de foarstelling út de auto wei en it twadde part ûnder de bleate himel. Fan it parkeardek ôf sjochst út oer nachtlik Ljouwert.

De foarstelling wurdt makke troch it team achter de Oerol-hit ​Part-Time Paradise ​(Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley en skriuwer Wessel de Vries) yn gearwurking mei Sjoeke-Marije Wallendal (2018-iepeningsfoarstelling ​Marijke Muoi)​.


De start fan de kaartferkeap sil yn febrewaris útein sette. Nei alle gedachten is der beheind plak. Hâld de website, social media of ús Nijsbrief yn ’e gaten en wês der gau by!
Nacht is coronaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM.

Kredits

Wessel de Vries | Tatiana Pratley, Sjoeke Marije Wallendal, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Tatiana Pratley, Sjoeke Marije Wallendal | Joke Tjalsma, Nynke Heeg, Eva Meijering, Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Bart Harder, Dimithri Postma, Luna van Drunen, Denzel Goudmijn, stille figurant, bern | Nina Thunnissen | Laurens van der Meulen | Hanne Pierrot | Janne Sterke |
Wessel de Vries
Tatiana Pratley
Aukje Schaafsma
Karel Hermans
Nynke Heeg
Eva Meijering
Dimithri Postma
Luna van Drunen
Nina Thunnissen
Laurens van der Meulen
Hanne Pierrot