Nacht Livestream – FRL monolooch

Aventoerlike en yntime online ûnderfining

Bestel kaarten
Aventoerlike en yntime online ûnderfining

Dizze folslein online ferzje fan Nacht is te sjen op sneon- en sneintejûn 8 en 9 maaie. Foar elkenien dy’t bûten it Fryske fêstelân wennet en Nacht net misse wol en foar elkenien dy’t om in oare reden gjin akteur oan de doar ûntfange kin of wol.

De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer Fryslân. In ferpleger, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste en in bestjoersfoarsitter fan in glêstúnboubedriuw, allegearre binne se jûns ûnderweis. Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch bûten?

Yn de film Nacht, dy’tst fan dyn eigen bank ôf besjochst, folgest tsien personaazjes dy’t om ferskillende redenen wekker binne. Bist tsjûge fan har tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten. Se treaste dy de nacht yn. Sadat alles lichter wurdt.
Fan ien fan har sjochst in oangripende, spesjaal filme monolooch. By de Fryske monolooch is dat de nei har dochter sykjende Vera (Joke Tjalsma). Kiest foar de Nederlânsktalige monolooch dan krijst palliatyf fersoarger Vincent (Karel Hermans) te sjen.



De foarstelling wurdt makke troch it team achter de Oerol-hit ​Part-Time Paradise ​(Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley en skriuwer Wessel de Vries) yn gearwurking mei Sjoeke-Marije Wallendal (2018-iepeningsfoarstelling ​Marijke Muoi)​.


Sa wurket it

De foarstelling is folslein online. Kinst kieze tusken twa data (8 en 9 maaie) en twa tiden (20.00 en 21.30 oere). Ek Fierder kinst kieze yn hokker taal – Frysk mei aktrise Joke Tjalsma en Nederlânsk mei akteur Karel Hermans – asto de monolooch sjen wolst. Sa’n 24 oeren yn it foar krijst dyn persoanlike link om yn te loggen. De kosten binne € 10,- de stream. Kinst fansels ek beide ferzjes bestelle, op oanslutende tiden of dagen!

Leaver de gewoane ferzje fan Nacht sjen (online + live opritmonolooch)? Boek hjir

Fragen? Mail nei kaarten@tryater.nl

Wolst nei ôfrin in reaksje kwyt? Dan kin dat hjir

* It reservearjen fan kaarten kin oant uterlik 1 dei foar de keazen stream.
* De foarstelling duorret sa’n 45 minuten.
* Yntreeprizen: € 10,- de stream. Bestelst yn 1x twa streams, dan betellest mar € 15,-.

Nacht Bêd&Brochje Arranzjemint

Wennest net yn Fryslân mar wolst dochs graach live Nacht meimeitsje? Dat kin! Boek dan foar € 114,50 (priis op basis fan twa persoanen) ús Nacht Bêd&Brochje Arranzjemint. Wy regelje in oernachting foar dy yn in leuke Bêd&Brochje en soargje derfoar dat der jûns in akteur by dy foar de doar stiet!

Ynbegrepen yn it arranzjemint
–         Oernachting ynklusyf moarnsiten
–         Tagongskaarten foar twa persoanen

Foar mear ynfo oer en/of it boeken fan it arranzjemint kinst terjochte by Hilly Kronemeijer:

h.kronemeijer@tryater.nl

Joke Tjalsma spilet Vera
Karel Hermans spilet Vincent

Oare foarstellingen

Nacht Livestream – NL monoloog