Mama Gazoline (8+)

De dwylsinnige achtbaanrit fan in jonge en syn mem

Argyf
Mama Gazoline is in muzikale en byldzjende fertelling oer de wille en betizing ast net mear witst wat wier en net wier is.

In mem is mem. Mar net in mem is itselde… Hast hiele gewoane memmen, mar de mem fan dizze jonge is oars. Se is oeral en nergens en belibbet in híel soad. Dêr stjoert se him de prachtichste brieven oer, fol mei aventoeren. Sels de jonge wit soms net mear wat wier is en wat net. Stap mar yn en meitsje mei him dizze dwylsinnige achtbaanrit mei.

Mama Gazoline is in muzikale en byldzjende fertelling oer de wille en betizing dy’t ûntstiet ast net mear witst wat wier en net wier is.

Mama Gazoline wurdt spile foar de groepen 7/8 fan basisskoallen rûnom yn Fryslân.

Kredits

Tamara Schoppert | Nynke Heeg, Tijs Huys | Miek Uittenhout | Inès Sauer | Henk van der Kooi | Jorrit Meinsma | Eline de Vries | Sassan Saghar Yaghmai | Peter Sijbenga |
Nynke Heeg
Tijs Huys

Lesbrief

Oare foarstellingen

Een dag uit het knisperende leven van een zakje (4+)