Karlsson fan it dak (8+) fan Astrid Lindgren

Fan 14 o/m 30 desimber te sjen yn Stadsschouwburg De Harmonie!

Bestel kaarten
Dé famyljefoarstelling fan dizze winter en primeur op it Nederlânske toaniel. In koproduksje fan Tryater en De Harmonie.

‘Doe hearde er in sêft gebrom. It lûd waard hieltyd hurder, en ynienen kaam in lyts dik mantsje lâns syn rút flein. Erik bleau stil stean en wachte, mei in kribel yn ’e búk fan spanning, want it bart net alle dagen dat lytse dikke mantsjes lâns dyn rút fleanen komme.  Flakby it finsterbank hâlde it mantsje syn gong yn. “Hela hopsa”, sei er. “Mei ik hjir wol even op azem komme? Ik bin Karlsson fan it Dak.”

De hiel gewoane Erik Eriksson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear. Want mei net ien kinst sokke goede aventoeren belibje as mei Karlsson fan it Dak: de meast ûngewoane held fan de hiele wrâld!
Karlsson nimt Erik op syn rêch, en tegearre fleane se nei it dak, dêr’t se spannende aventoeren belibje fol ûnhandige ynbrekkers, boaze omkes en soere muoikes. Ien ding is wis: as Karlsson yn de buert is, hoechst dy noait te ferfelen!

Nei krystfoarstellingen as Ronja de Rôversdochter en De Bruorren Liuwehert komt Tryater dizze winter op ’e nij mei in famyljefoarstelling nei in boek fan Astrid Lindgren yn De Harmonie. Foar it earst oait wurdt Karlsson fan it Dak op it Nederlânske toaniel brocht: de primeur fan it ultime famyljeferhaal dat de fantasy fan jong en âld prikelet. Stap mei ús yn de magyske wrâld fan Erik en de ûngewoane held: Karlsson fan it Dak. De dwerse en grappige freon dy’t dy op ’e nij sjen en ûntdekken leart en it aventoer yn dy losmakket.

“Fan alle oaren binne der al in soad. Mar der is mar ien Karlsson: de bêste Karlsson fan de wrâld”

Kredits

Astrid Lindgren | Wessel de Vries | Tatiana Pratley | Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Mirjam Stolwijk, Marjolein Ley, Eelco Venema, Eline de Vries, Rik Witteveen, Jelke Rijpma, Merel Staalstra |