Dûk yn it djippe: it échte ferhaal fan Kaptein Pearl yn Keramiekmuseum Princessehof (8+)

Soesto it ferline oer dwaan wolle?

Bestel kaarten
In bysûndere foarstelling ynspirearre troch de tentoanstelling Gezonken Schatten yn Keramiekmuseum Princessehof en Wij Vikingen yn it Fries Museum.

Soesto it ferline oerdwaan wolle?

Soesto it leuk fine om in rûnlieding te krijen fan in echte kaptein? Ien fan eartiids, dy’t ferhalen fertelt oer rûge seebonken en sonken skatten. Yn Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert is de lêste tiid wat mysterieus oan ’e gong. Se besykje dêr wichtige persoanen út it ferline werom te heljen nei it no. Wêrom? Om’t dy minsken presys fertelle kinne wat der doe bard is! Mar is dat eins wol sa ferstannich?

Kaptein Pearl is in muzikale foarstelling oer it sykjen nei in echt ferhaal. In oade oan de fantasy, oan moaie ferhalen. In foarstelling foar 8+ dy’t dy it ferhaal achter de sonken skatten belibje lit.

De teaterfoarstelling Dûk yn it djippe yn Keramiekmuseum Princessehof wurdt kombinearre mei in besite oan Wij Vikingen yn it Fries Museum. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Schoolkade.

Foto’s: (c) Afke Manshanden

Kredits

Janneke de Haan | Marjolein Ley | Klemens Patijn en Brecht Wassenaar |