Jonges (14+)

Foar boppebou VMBO, HAVO, VWO en earstejiers MBO

Bestel kaarten
In foarstelling oer begjinnende leafde, de eangst om oars te wêzen en de moed dy’t derfoar nedich is om tsjin de stream yn te swimmen.

Wylst we nije manieren fan teatrale ferbylding útfine giet de tarieding fan it folgjende seizoen gewoan troch. It is noch net dúdlik oft de foarstellingen dy’t wy pland ha trochgean kinne sa’t we dat graach wolle. De tiid wiist út oft we wer op toernee kinne. We hoopje yn alle gefallen ús publyk gau wer live te sjen!


Jonges fertelt it ferhaal fan Fedde dy’t wrakselet mei syn aard, de húshâlding dêr’t er útkomt en de ûnskreaune regels fan de Fryske doarpskultuer dêr’t er yn opgroeit. Fedde fielt him yn tal fan opsichten oars as syn omjouwing, mar besiket alle kearen wer om derby te hearren. Mei tsjinsin giet er mei syn freonen nei de kroech om fammen te spotten. Wêrom slagget it him net himsels te wêzen yn syn freonegroep?

Ut petearen dy’t regisseur Wieke ten Cate mei Fryske jongeren hie, die bliken dat homoseksualiteit noch hieltyd in ûngemaklik ûnderwerp is dêr’t amper oer praat wurdt. ‘Kinst it wol wêze, mar dan hoechst it toch net te sizzen?’

 


Foarstelling yn de klas
Dizze foarstelling wurdt yn de klasse spile en duorret twa lesoeren. Yn de earste lesoere wurdt de foarstelling spile en yn de twadde lesoere is der op ynteraktive wize ûnder lieding fan in edukaasjemeiwurker in neipetear mei de akteurs.

Dizze foarstelling spylje we foar de boppebou fan VMBO, HAVO, VWO en is ek geskikt foar earstejiers MBO (spesjaal ûnderwiis yn oerlis).

Ynformaasje en boeke
Mear witte en/of boeke? Nim kontakt op mei Jannie van der Veen: j.vdveen@tryater.nl

Kredits

Maaike Bergstra | Wieke Ten Cate | Lourens van den Akker en Denzel Goudmijn |