In nostalgyske bustrip nei Jannum anno 2053
Tryater bringt dy dêr, earne tusken it midden en nearne, nei ien fan de lytste doarpen fan Fryslân. Gean mei op histoaryske ûntdekkingstocht troch Jannum, rin troch it ferneamde Romanogoatyske tsjerkje, boud yn de 14de iuw en besykje ûnder oare it bekende Bûthús.
Fan it Wokpaleis yn Ryptsjerk ôf giest mei de toerbus nei it idyllyske doarpke, wêrby’t gidsen dy alles fertelle watst altyd al witte wollen hiest oer Jannum. Gean sintúchlik werom yn de tiid én sjoch nei de skiednis fan de takomst fan dit no noch sa werkenbere plattelân.
Gean mei op dizze eksklusive trip, sadatst ek oan de ein fan de toer sizze kinst: Hjir ha ik west!
Tink derom
Hjir ha ik west is de teatrale ynstallaasje fan teatermakker Aukje Schaafsma (De Feanhoop, 1991). Yn 2015 studearre se ôf oan de performance-oplieding fan Toneelacademie Maastricht. Se stiet bekend om har absurdistyske en ta ûngemak liedende oanpak fan aktuele tema’s. Mei Tatiana Pratley en Karel Hermans foarmet se it kollektyf SKOFT & SKIEP, dêrneist is se ûnderdiel fan it performance- kollektyf La Isla Bonita. By Tryater folget se it talintûntwikkelingstrajekt fan Station Noord.
Tryater fynt it belangryk om in plak te wêzen dêr’t ûntwikkelingen plakfine dêr’t it kulturele klimaat yn Fryslân en de noardlike regio baat by hat. Mei de fiergeande gearwurking tusken Tryater en Skoft&Skiep en Meeuw jonge theatermakers kinne jongeren meidwaan oan produksjes fan Tryater. Sa sille yn Hjir ha ik west 6 jonge akteurs fan Meeuw jonge theatermakers te sjen wêze.
Dizze foarstelling is mooglik makke mei tank oan gemeente Noardeast Fryslân en it Prins Bernhard Cultuurfonds.