De ferhaleferbining

1000&1 ferhalen oan ‘e telefoan

Argyf
Sitst allinne thús of hast gewoan ferlet fan ferdivedaasje? Dan biede wy miskien útkomst. Yn it ramt fan Tryater Rûnom, it plak dêr’t we aktiviteiten om foarstellingen hinne bondelje, fertelt Tryater ferhalen oan de telefoan.

Lêste kans: oanmelde kin noch oant uterlik 19 maaie!

Tryater fertelt ferhalen. No’t dat net op it podium kin sykje we nei oare wizen fan fertellen. Want wy wolle ferhalen fertellen bliuwe. Seker yn ûnwisse tiden is it fijn om even te ûntkommen oan de realiteit om de rykdom fan de ferbylding op te sykjen.

Sitst allinne thús of hast gewoan ferlet fan ferdivedaasje? Dan biede wy miskien útkomst. Tryater fertelt ferhalen oan ‘e telefoan. Tink dy yn: de telefoan giet…  en ynienen wurdst meinommen nei it fiere easten, de wrâld fan prinzen, keningen en hofdames… In yntym momint fan tusken de 5 en 10 minuten, even weidreame en troch-fantasearje op de rykdom dy’t de ferhalen ús jouwe. Elkenien kin ‘m oanmelde. It is fergees.

In greep út de reaksjes: 
Frou, jierdei (kado krigen)
“Geweldich, ferrassend. Normaal ha we hjir op Skylge Oerol. No gjin Oerol of neat. Wat misse je dan de kultuer. Gean sa troch. Jim binne sa belangryk.”
“Man; applaus, Wat mooi, ontroerend. Wat fijn dat jullie dit doen.”
“Machtich, sa moai dat jim dit dogge. Geweldich. Ek it ferhaal wie prachtich. (It ferhaal gie oer ien dy’t bisten ferstean kin) It soe wolris goed wêze, dat der nei bisten lústere waard.”
“Wat een geweldig initiatief. Dit zijn echt van die momenten die in je hoofd blijven zitten. Waar je later op terugkijkt omdat ze zo bijzonder waren. Het is zo bijzonder dat mensen in deze tijd zo creatief blijven.”

Hoe wurket it?

It is net mear mooglik om dy oan te melden foar de Ferhaleferbining.

Op dit formulier joust oan wa’st bist, wat dyn telefoannûmer is, wannear’st belle wurde wolst én yn hokker taal as it ferhaal ferteld wurde moat. Ferfolgens dogge wy ús bêst om dy binnen 5 (wurk)dagen te beljen. Dan krigest in telefoantsje fan ien fan Tryater. Dy seit syn of har namme, makket in praatsje en fertelt it ferhaal. As it ferhaal ôfrûn is kin de ferbining ferbrutsen wurde.

Tinkst dat’st hjir ien bliid mei meitsje kinst, ien dy’t sels net sa handich is mei de computer? Bepraat it mei him of har en ful it foar harren yn.


Donaasje
We hearre graach nei ôfrin watst derfan fûnst; mei in mail (kaarten@tryater.nl) of op social media (#Ferhaleferbining).
Ast der wat foar oer hast dan kin dat ek.  Kinst in lytse bydrage dwaan op NL16 RABO 0105 3960 87  op namme fan Tryater ûff  ‘Donaasje ferhaleferbining’.

Wolst de bijdrage wat mear struktureel wêze litte, dan kinst ek Freon fan Tryater wurde. Klik hjir foar mear ynformaasje en/of oanmelde.

Parse

"Verhalen van Tryater"

— Omrop Fryslân - 21 april 2020

Oare foarstellingen

Donatie aan Tryater

1000&1 Nacht: online – live gespeeld