In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit.
Dit wie it waar wer is it fleurige telefyzjeprogramma fan de bekendste waarfrou fan Fryslân, Paulette Ietsema. De sjochsifers fan har waarshow binne noch noait ûnder it friespunt sakke, want wat Paulette seit is altyd wier. Mei passy presintearret Paulette wat foar waar it ís. Nóáit wat foar waar it wurdt. Want neffens har is it waar fierstente ûnfoarsisber wurden.
Waarkundige Cosmo makket him soargen oer it ritige waar fan de lêste tiid. As syn nagelnije waarmjitter alarm slacht, besiket er Paulette oer te heljen om foar ien kear in waarfoarsizzing te dwaan. De minsken thús moatte witte dat der oar waar kommendeweis is. Mar Paulette wol har sjoggers net ûngerêst meitsje en slacht it driuwende fersyk fan Cosmo yn de wyn. Dan begjint it gedonder. Hiel Fryslân wurdt op slach teistere troch ekstreem waar.
Hâlde Paulette en Cosmo de holle koel? Komme se derachter wêrom’t it waar sa yn de hobbel is? En hoe soargje se foar in ûnbewolkte takomst?
Dit wie it waar wer giet oer waarfrou Paulette Ietsema dy’t it waar net mear foarsizze wol. Wat fine bern dêr eins fan?
As jim skoalle net genôch learlingen hat om in hiele seal fol te krijen dan dielt Tryater jim klasse yn by in oare skoalle.
Boeke? Folje dan dit formulier yn.
Mail foar mear ynformaasje oer de foarstelling en de boekingsmooglikheden mei Nienke Rullmann fia nienke@tryater.nl