De wierheid fan Wylgeragea

In grimmitich-grappich labyrint fan wierheid en geroften

Argyf
Oer hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme. 

Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant der in skaad falt oer de lytse mienskip. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it noait wer wurde sa’t it wie.

In groep minsken, in mienskip, kin samar in eigen wrâld kreëarje: De mieningen fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede?

decor-de-wierheid-fan-wylgeragea-foto-c-ekko-de-bakker

foto: Ekko de Bakker

Gjin stuollen yn de seal by dizze foarstelling: Tryater komt foar De wierheid fan Wylgeragea nei de teaters en doarpshuzen mei in dekôr dat ek tribune is. Publyk sit tsjin mekoar oer en sjocht yn it midden it ferhaal fan De Wierheid fan Wylgeragea ûntstean.

It stik is gjin whodunit. De foarstelling lit sjen hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme. Mei humor en kompassy sjogge we hoe ferskillend oft minsken reagearje as se harren bedrige fiele. De ien flechtet, de oar wurdt agressyf, in tredde lûkt him werom en oaren besykje rêstich te bliuwen. Regisseur Jos van Kan: ‘De inbraak in dit verhaal is een metafoor voor elke inbreuk op het gevoel van veiligheid. Het gaat om de vraag: Hoe kunnen laten we gemeenschapszin behouden en tegelijk open staan voor de buitenwereld?’

Twa seizoenen lyn wie De wierheid fan Wylgeragea te sjen yn de Sneak Previews fan Tryater. Regisseur Jos van Kan wurke dit seizoen mei tekstskriuwer Kees Roorda en de akteurs fierder oan de foarstelling.

Kees Roorda (Ljouwert, 1967, opgroeid yn Drachten, wennet yn Amsterdam) skreau De wierheid fan Wylgeragea. Romke Toering hat it stik oersetten nei it Frysk. It stik wurdt regissearre troch Jos van Kan (Eindhoven, 1962, opgroeid yn Someren-Eind, wennet op Skiermûntseach), dy’t mear as tachtich toanielstikken, muzykteaterfoarstellingen en opera’s ensenearre en yn Nederlân, Dútslân en Azië wurket. Van Kan makke ferline jier by Tryater In Leafde en Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof.

Bij de voorstellingen in de theaters zijn oortjes met de Nederlandse vertaling van de tekst beschikbaar.

Tryater jout romte om oars te tinken. We fine fragen nijsgjirriger as antwurden. We binne altyd op ûndersyk út en prate graach mei jim. Ek by De wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje we keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten.

22 septimber 20:00: Westergeast, keukentafelpetear (besletten)
28 septimber, 3 en 5 oktober: Westergeast, workshops basisskoalle De Bining
30 septimber 15:00: Westergeast, freedtemiddeibuorrel foar doarp
2 oktober 19:30: Westergeast, tsjerketsjinst yn it dekôr fan De wierheid fan Wylgeragea
5 oktober: Westergeast, neipetear foar de Freonen fan Tryater
18 oktober 20:00: Wommels, keukentafelpetear (besletten)
5 novimber 19:30: Grins, keukentafelpetear (besletten)
12 novimber 19:30: De Lawei, Drachten, ynlieding
13 novimber 13:00: De Lawei, Drachten, ynlieding
14 novimber 18:00: Lewinski, Snits, Aan tafel! mei De Moanne Live
21 novimber 20:00: De Jouwer, keukentafelpetear (besletten)
25 novimber 21:30: Oerterp, neipetear mei de lêzers fan SA!24 (besletten)
1 desimber 19:30: Harmonie, Ljouwert, ynlieding
7 desimber 20:15: De Hege Fonnen, De Lemmer, Kantinekolleezje mei Henk de Jong en Arjen de Boer
7 en 8 desimber 20:00: Tryater, Ljouwert, presintaasjes TRYTHIS?!
8 desimber 19:30: Neigesprek yn it AZC Snits (besletten)
10 desimber 19:30: De Hege Fonnen, De Lemmer, foto-eksposyje ‘Fertrouwen’, gemeenteriedsleden De Fryske Marren fotografearre troch kursisten It Toanhûs
15 desimber 20:00: Tryatergebou, Ljouwert, ekstra foarstelling foar abonnees Leeuwarder Courant mei neipetear mei LC-sjoernalisten. Atze Jan de Vries en Maria Delgrosso fertelle hoe’t sy yn harren wurk omgean mei ûnrêst yn lytse mienskippen.

 

Kredits

Kees Roorda | Romke Toering | Jos van Kan | Inés Sauer | Jan Ros | Linda Eijssen | Wiebe Gotink, Hilbrandt (Liet fan myn doarp) | Koos de Vries |
Lourens van den Akker
Aly Bruinsma
Eva Meijering
Lysbeth Welling
Joop Wittermans

Parse

"De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân"

— De Moanne 11 oktober 2016

"'Each yn each mei de aktualiteit. Alle rollen wurde izersterk delset. Der is gjin ûntkommen oan. It is in boppeslach wurden.'"

— Leeuwarder Courant 10 oktober 2016

"'Uitgesproken en humoristisch. Ijzersterke dramatische verbinding tussen vorm en inhoud. '"

— Friesch Dagblad 10 oktober 2016

"'Speelse setting en vlotte dialogen. Geestige regie van Jos van Kan.'"

— Theaterkrant 8 oktober 2016

"De Mienskip is wichtiger as de wierheid"

— Leeuwarder Courant 7 oktober 2016

"Jos van Kan oer 'De wierheid fan Wylgeragea' (fan 19.55 ôf)"

— Omrop Fryslân Hjoed 4 oktober 2016

"Ynbraak yn Wylgeragea: wat is wierheid?"

— Friesch Dagblad 4 oktober 2016