De Molkwei (4+)

Beweging en belibbing op de buorkerij

Argyf
In meidûnsfoarstelling foar beukers op de buorkerij oer kij en molke fan Stichting De Beweging

Beweging en belibbing op de buorkerij

Taury fynt kij sá moai. Har namme betsjut ‘ko’ yn it Latyn en dat fynt se hiel spesjaal. Sa spesjaal dat Taury besletten hat dat se letter, as se grut is, ko wurde wol. Mar ast ko wurde wolst, wat moatst dan kinne?

In ko jout molke seit de boer. Mar hoe docht de ko dat dan? Taury hat wol tûzen fragen oer kij. Wat yt in ko? Skyt in ko ek? Wat kinst allegear mei molke? Is molke lekker? Fine de bern molke lekker? Kinst deryn badderje as yn wetter? Kinst ride op in ko? En is in ko gefaarlik? Krekt sa gefaarlik as in Tyrannosaurus Rex?

Al dûnsjend nimt Taury de beukers mei oer it boerehiem. Mei elkoar sykje se troch te priuwen, fielen, rûken en dwaan nei de antwurden op Taury har fragen. En komme se derachter oftst eins wol ko  wurde kinst.

De Molkwei is in meidûnsfoarstelling op de buorkerij spesjaal foar beukers. Sy moetsje Taury dy’t har meinimt troch it melkfeebedriuw. De beukers hearre en sjogge it bedriuw en de ko troch de eagen fan Taury. Ek meie se mei har meidwaan, meidûnsje en meimeitsje. Tip: Lûk learzens oan en klean dy’t smoarch wurde meie! De Molkwei wurdt yn it Frysk en Nederlânsk spile.


Boekingsynformaasje
De foarstelling spilet yn it foar- en neijier fan 2021 en 2022 as skoalfoarstelling foar rom 5000 Fryske beukers. Wolst mei dyn klas nei De Molkwei ta? Nim dan kontakt op fia stichtingdebeweging@gmail.com foar de mooglikheden.

 


Tryater Satellyt | De Beweging – Janneke de Haan en Willy van Assen

Foar De Molkwei stipet Tryater Janneke de Haan en Willy van Assen yn de útfier fan de foarstelling. Mei de Satelliten fersterket Tryater it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De Satelliten binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

Kredits

Janneke de Haan en Willy van Assen | Janneke de Haan | Willy van Assen | Sander Stienstra | Mariken Biegman | campagnebeeld: PDF-grafie, Piet Douma |