Cliffhangerje

Kuierje troch ferhalen

Argyf
Kuierje troch ferhalen. Cliffhangerje troch de stêd lâns (ûn)bekende plakken fan 1 o/m 31 july.

It projekt

Nei oanlieding fan de foarstelling 1000&1 Nacht fan Tryater hawwe sechstjin skriuwers (amateur en profesjoneel) meidien oan dit skriuwprojekt, in programma fan Tryater Rûnom. Yn de geast fan de mearke-eftige fertellingen fan 1000&1 Nacht hawwe de skriuwers stikken fan in ferhaal skreaun mei oan it ein in cliffhanger. It ferhaal, skreaun mei pinne en papier, gie yn in slúf en dêrnei waard it op de bus dien. Sadree’t in slúf mei ferhalen by de folgjende skriuwer op ’e matte lei, hie hy of sy trije dagen de tiid om in ferfolch oan it feuilleton te skriuwen.

Wolst it meibelibje?

Mar nei in cliffhanger komt dochs altyd in ferfolch? Dêrom binne de ferhalen de hiele moanne july te beharkjen yn trije kuierrûtes, want ferhalen moatte ferteld wurde! Nijsgjirrich? Dan kinst it meimeitsje! Literatuerstêd Ljouwert is it plak dêr’t it bart. Gean it ferhale-aventoer oan!

Sa wurket it

Yn Ljouwert binne trije rigen fan sa’n fiif ferhalen te beharkjen. Hjirûnder stean de rûtes mei de startpunten. It iennichste watst nedich hast, is in mobyl mei ynternet. It ferhaal begjint by in giele sticker op ’e grûn. Op dizze sticker stiet in QR-koade. Mei de kamera fan dyn mobyl kinst dizze koade scanne. Dan giest nei in online lûdsbestân. Hjir wurdt it ferhaal op foarlêzen. Lit dysels sa troch de stêd cliffhangerje nei (ûn)bekende plakken.

De measte smartphones iepenje automatysk de lûdsbestannen ast mei de kamera fan dyn telefoan de QR-koade scanst. Is dat by dyn telefoan net it gefal dan kinst in QR-koade scanner downloade:

foar Android
foar Apple

Rûte Dokkumer Ie (klik hjir foar de rûtekaart):
It griene rûntsje op de kaart is it startpunt. Gean hieltyd rjochttroch, hâld it wetter dus altyd oan dyn rjochterhân. We litte it witte ast by de lêste cliffhanger west hast.
Helaas ontbreken er bij deze route inmiddels de verhalenstickers van verhaal 3 en 5. Hieronder vind je de links naar deze verhalen zodat je ze toch kunt beluisteren:
Spitigernôch ûntbrekke der by dizze rûte yntusken de ferhalestickers fan ferhaal 3 en 5. Hjirûnder fynst de links nei dizze ferhalen sadatst se dochs belústerje kinst:

Slagget it by ien fan de oare stickers net om it lûdsbestân te iepenjen dan kinst  hjir in dokumint mei dêryn de links nei de lûdsbestannen fan alle ferhalen.

Rûte Vliet (klik hjir foar de rûtekaart):
It griene rûntsje op de kaart is it startpunt. Gean hieltyd rjochttroch, hâld it wetter dus altyd oan dyn rjochterhân. We litte it witte ast by de lêste cliffhanger west hast.

Rûte Jiskebult (klik hjir foar de rûtekaart):
It griene rûntsje op de kaart is it startpunt. Folgje it paad, hâld it wetter dus altyd oan dyn linkerhân. Nei de fyfde cliffhanger krigest in nije rûte-oanwizing.


Foar it gefal datst op de rûte een ferhalesticker mist hast, of it slagget om wat foar reden dan ek net om it lûdsbestân te iepenjen, fynst hjir in dokumint mei dêryn de links nei de lûdsbestannen fan alle ferhalen.

It ferhaal giet troch

Alle ferhalen einigje mei in cliffhanger, dêrom binne de rûtes ek gjin rûntsjes. Hokker ferhaal komt der nei de cliffhanger? Miskien sjitte dy, nei it rinnen fan de rûtes, al nije ferhalen troch de holle. Wy nûgje dy fan herten út om dyn ferfolchferhaal te skriuwen en op te stjoeren nei Tryater.

Oostersingel 70
8921 GB Ljouwert

sytse@tryater.nl

Kredits

Sytse Jansma, Raymond Muller, Janneke de Haan, Willy van Assen | Dokkumer Ie: Henk Nijp, Pieteke de Boer, Rosaline de Vries, Willem Verf, Talea Jansma, Renske de Boer | Vliet: Arjan Hut, Hedwig Louise Bakker, Raymond Muller, Iris Dicke, Roelien Klandermans | Jiskebult: Remco Kuiper, Marleen de Boer, Grytsje Schaaf, Jeannette Boskma, Ydwine van der Veen | Jojanneke Braam (coördinator Tryater Rûnom) |