Op moandei 4 maaie 2026 slaan Stadsschouwburg De Harmonie, Tryater en Neushoorn foar it earst mei-inoar de hannen ynien foar Theater na de Dam. Fuort nei de Nasjonale Deadebetinking presintearje sy yn Neushoorn de foarstelling Herdenking voor de kleine daad. In ynkringende foarstelling fol muzyk en teäter dy’t ús neitinke lit oer wat betinken hjoed-de-dei betsjut.
Herdenking voor de kleine daad rjochtet him op de krêft fan de gewoane, deistige dingen. De makkers wolle sjen litte dat je ek mei wat lyts in ferskil meitsje kinne. Omdat de measte minsken yn de tiden fan oarloch gjin dieders of grutte helden binne, mar taskôgers. In died kin sitte yn ien echt sjen, freegje hoe’t it giet, in jûn ûnderdak biede. En sa dochs wat dwaan te kinnen yn it deistige, yn stee fan passive taskôgers te wurden.
Teäter, muzyk en kabaret
De jûn begjint om 21.00 oere yn Poppoadium Neushoorn. Dit is op rinôfstân fan de Prinsetún, dêr’t om 20.00 oere de betinking yn Ljouwert plakfynt. De tagong foar dit evenemint is fergees. De foarstelling is makke ûnder lieding fan teätermakker Ira Judkovskaja. Sy is de nije direkteur fan Neushoorn en wurke hjirfoar as artistyk direkteur by Tryater. Mei in alsidige groep artysten bringt hja in programma dat rekket en ferbynt. Sa stiet teätermakker Brecht Wassenaar op it poadium en soarget de Iraanske sjongeres Arezoo foar in prachtich fokaal lûd. De muzyk wurdt fierder ynfolle troch muzikante Amarins Woltring en basklarinettiste Femke van den Berg. Ek kabaretier Shariff Nasr ferlient syn meiwurking oan de jûn. Hy wûn yn 2024 sawol de sjuery – as de publykspriis fan it Leeuwarder Cabaret Festival en stiet bekend om syn persoanlike en skerpe ferhalen oer de maatskippij.
In nije tradysje
Yn in wrâld dêr’t oarloch en ûnferskillichheid noch altyd yn oanwêzich binne, stelt dizze groep artysten in wichtige fraach: wat kinne wy sels dwaan? Mei dizze earste grutte gearwurking jouwe Tryater, De Harmonie en Neushoorn in moderne ynfolling oan de betinkingsjûn yn de stêd. Theater na de Dam yn Ljouwert biedt sa net allinnich romte om mei-inoar yn it sin te bringen, mar is ek in plak foar moeting en nije ideeën.
