It Gouden Wykein komt der wer oan! Dit jier stiet it Gouden Wykein op freed 13 en sneon 14 novimber yn it ramt fan de foarstelling Fierder nei it Noarden.
In wykein fol teäter, ynspiraasje en spul. Op freedtejûn geane we mei-inoar nei de foarstelling yn Ljouwert. Sneon komme we by elkoar om nei te praten oer wat we sjoen ha en sille we sels oan de slach mei dialogen.

Oer de foarstelling
Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde? Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen.
Wannear ha we it Gouden Wykein
Wy nûgje dy út op freed 13 en sneon 14 novimber. Mei in groep betûfte amateurspilers en teatermakkers dûke wy in dei én in jûn yn ‘e wrâld fan Fierder nei it Noarden.
Wat kinst ferwachtsje
Op freedtejûn geane wy mei-inoar nei de foarstelling Fierder nei it Noarden yn de wurkpleats fan Garage Haaima yn Ljouwert. In moaie start fan it wykein, want sneon prate we by Tryater oan de Oostersingel mei-inoar nei oer de foarstelling: wat rekke dy, wat foel op en wat kinne we der as spiler mei? Dêrnei sille we sels oan de slach. Wy ferdiele de groep yn twaen en folgje twa ferskillende workshops. Yn de workshops wurkje wy mei dialogen en ûndersykje wy hoe’tst in tekst ta libben bringe kinst. De workshops wurde begelaat troch teätermakkers Tamara Schoppert en Eva Meijering. Wy slute de dei mei-inoar ôf mei in lekker slokje.
Programma
Freed 13 novimber | Garage Haaima Ljouwert
- 20:00: foarstelling Fierder nei it Noarden
Sneon 14 novimber | Tryatergebou | Oostersingel Ljouwert
- 9.15-9.30: ynrin mei kofje/tee
- 9.30-10.00: neiprate oer Fierder nei it Noarden
- 10.00-12.30: workshopronde 1
- 12.30-13.15: skoft ynklusyf lunsj
- 13.15-15.45: workshopronde 2
- 15.45-16.15: skoft
- 16.15.16.45: toanmomint
- 17.00-18.00: ôfslute mei in drankje/hapke
- Kosten: € 50,- ynklusyf foarstelling, lunsj, kofje en tee
- Taal: ook geschikt voor niet-Friestaligen
Gouden Wykein – foar dy!
Foar dit wykein nûgje wy dy, dè betûfte amateurspiler, graach út om mei te dwaan! It Gouden Wykein is de kâns om ynspirearre te wurden troch in foarstelling én dêrnei sels op de flier te stappen. Mei profesjonele teatermakkers en in dei fol workshops kinst dy ferdjipje yn dyn eigen spul en kinst oan de slach gean mei dialogen.
Meidwaan kostet €50,-. Dêrfoar krijst in ticket foar de foarstelling, in hearlike lunch en fansels kofje en tee.
Der binne maksimaal 24 plakken beskikber, dus meld dy gau oan!
Mear witte?




