Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde?
Yn Fierder nei it Noarden bedarret Gabe yn ‘e garaazje dêr’t hy mear as tweintich jier lyn mei syn mem net fierder koe. Op syn njoggende naam Sunny him mei op reis nei it Hege Noarden, ympulsyf en sûnder plan. De reis einige troch autopech yn in autogaraazje dêr’t mem en soan út need de nacht trochbrochten. Sunny skuorde Gabe faak roekeleas mei yn grutte fantasyen en aventoeren. Hy hold fan har ferhalen en liet him wier graach meifiere. Mar dizze nacht fielde Gabe foar it earst dat hy der allinne foar stie.
Ik moat it sels dwaan…
Wylst heden, ferline en fantasij fluoiber wurde, fiert Gabe mei syn mem it petear dat earder ûnmooglik wie. Oer alles dêr’t se nea fan begrypt hat dat er it nedich hie. Wilens bruoit der wat by de garaazjehâlder: werkent er Gabe miskien noch? Fan dy nacht dy’t alles bepaalde, doe’t se beide noch bern wiene?
Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen. Yn de rauwe setting fan in autowurkpleats, mei in muzikale ûnderlaach, giet it publyk mei Gabe op syn ynterne reis.
Unike lokaasje | Haaima Service & Auto’s
Fierder nei it Noarden spilet him ôf yn de wurkpleats fan de Haaima autogaraazjes yn respektyflik It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert.
Spylperiode: 7 o/m 17 okt It Hearrenfean, 22 o/m 31 okt Drachten, 5 o/m 28 nov Ljouwert
Lokaasje: Wurkpleats Haaima Service & Auto’s op It Hearrenfean, yn Drachten en yn Ljouwert
Tagonklikheid Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fierder nei it Noarden. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de júste kaartsoart by it bestellen.
Fierder nei it Noarden wurdt mei mooglik makke troch:
Programmaboekje
Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Fierder nei it Noarden is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine mei moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei toegankelijkheid@tryater.nl. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear ynformaasje ha wolst helpe wy dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!
SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?
Rolstoelplakken beskikber: de foarstelling is rolstoeltagonklik.
AUDITIVE STIPE
Roger gehoorondersteuning (Phonak) is beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding. De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken: – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp. – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 14 oktober ôf.
*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.
FISUELE STIPE
Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 14 oktober ôf.
Helphûnen binne wolkom.
ONDERTITELING
Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant).
LANGUAGE NO PROBLEM
English subtitles: available (smart glasses)as from October 14th. Choose the ’ticket + smart glasses’
APK foar dysels
Stap nei de foarstelling yn in nagelnije auto yn de showroom fan Haaima foar in lytse APK. Ien fan ús ‘APK-monteurs’ sit foar dy klear om mei dy nei te praten oer de foarstelling en achterom te sjen nei dyn opfieding. Wat hasto meikrigen fan hûs út? Yn dizze APK foar de minske checke wy wat der yn dyn kofferbak leit. Hokker reserveûnderdielen en ballêst nimst mei út dyn jeugd? Hoe heech wie de druk thús, stie de bannespanning altyd strak of krigest lucht en romte om te wêzen wa’tst bist? En op hokker wei besikest dyn eigen bern ride te litten? In moai petear oer wêr’tst weikomst en hoe’tst foarme bist.
APK data
16 oktober – It Hearrenfean
30 oktober – Drachten
20 novimber – Ljouwert
Meidwaan is folslein frijwillich, oanmelde is net nedich.
Ynlieding Loek de Bakker | Ljouwert 5 nov
Foarôfgeand oan Fierder nei it Noarden yn Ljouwert op tongersdei 5 novimber is der in ynlieding fan Loek de Bakker, regisseur fan it stik. Hy fertelt yn dizze ynlieding oer it ûntstean fan de foarstelling en syn persoanlike motivaasje om it ferhaal fan Fierder nei it Noarden te fertellen. Ek is der romte foar fragen en útwikseling.
De ynlieding is fan 19.00-19.30 oere yn de showroom fan de Haaima Garage oan de Coronawei 2 yn Ljouwert. De foarstelling set om 20.00 oere útein yn de wurkpleats en de tribune giet om 19.50 oere hinne iepen.
De ynlieding is fergees by te wenjen foar minsken dy’t in kaartsje foar Fierder nei it Noarden kocht hawwe. Mar de kapasiteit is beheind dus ast derby wêze wolst dan freegje wy dy om dy op te jaan fia ûndersteand formulier. Fol is fol!
In wykein fol teäter, ynspiraasje en spul foar betûfte amateurspilers
It Gouden Wykein komt der wer oan! Dit jier stiet it Gouden Wykein op freed 13 en sneon 14 novimber yn it ramt fan de foarstelling Fierder nei it Noarden.
Op freedtejûn geane we mei-inoar nei de foarstelling yn Ljouwert. Sneon komme we by elkoar om nei te praten oer wat we sjoen ha en sille we sels oan de slach mei dialogen.
Oer de foarstelling Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde? Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen.
Wannear ha we it Gouden Wykein
Wy nûgje dy út op freed 13 en sneon 14 novimber. Mei in groep betûfte amateurspilers en teatermakkers dûke wy in dei én in jûn yn ‘e wrâld fanFierder nei it Noarden.
Wat kinst ferwachtsje
Op freedtejûn geane wy mei-inoar nei de foarstelling Fierder nei it Noarden yn de wurkpleats fan Garage Haaima yn Ljouwert. In moaie start fan it wykein, want sneon prate we by Tryater oan de Oostersingel mei-inoar nei oer de foarstelling: wat rekke dy, wat foel op en wat kinne we der as spiler mei? Dêrnei sille we sels oan de slach. Wy ferdiele de groep yn twaen en folgje twa ferskillende workshops. Yn de workshops wurkje wy mei dialogen en ûndersykje wy hoe’tst in tekst ta libben bringe kinst. De workshops wurde begelaat troch teätermakkers Tamara Schoppert en Eva Meijering. Wy slute de dei mei-inoar ôf mei in lekker slokje.
Programma
Freed 13 novimber | Garage Haaima Ljouwert
20:00: foarstelling Fierder nei it Noarden
Sneon 14 novimber | Tryatergebou | Oostersingel Ljouwert
9.15-9.30: ynrin mei kofje/tee
9.30-10.00: neiprate oer Fierder nei it Noarden
10.00-12.30: workshopronde 1
12.30-13.15: skoft ynklusyf lunsj
13.15-15.45: workshopronde 2
15.45-16.15: skoft
16.15.16.45: toanmomint
17.00-18.00: ôfslute mei in drankje/hapke
Kosten: € 50,- ynklusyf foarstelling, lunsj, kofje en tee
Taal: ook geschikt voor niet-Friestaligen
Gouden Wykein – foar dy!
Foar dit wykein nûgje wy dy, dè betûfte amateurspiler, graach út om mei te dwaan! It Gouden Wykein is de kâns om ynspirearre te wurden troch in foarstelling én dêrnei sels op de flier te stappen. Mei profesjonele teatermakkers en in dei fol workshops kinst dy ferdjipje yn dyn eigen spul en kinst oan de slach gean mei dialogen. Meidwaan kostet €50,-. Dêrfoar krijst in ticket foar de foarstelling, in hearlike lunch en fansels kofje en tee.
Der binne maksimaal 24 plakken beskikber, dus meld dy gau oan!
Eksklusyf foar soarchprofesjonals ygm Stichting Een Friese Wind
Op freed 27 novimber slaan Tryater en Stichting Een Friese Wind de hannen ynien en biede Fierder nei it Noarden, méi ferdjipjend programma, eksklusyf oan foar soarchprofessionals.
Stichting Een Friese Wind biedt ynspiraasje en enerzjy oan professionals yn domeinen as soarch, ûnderwiis, gemeente, oerheid, GGZ en jeugdhelp om gearwurking domein oerstiigjend te befoarderjen.
Programma
19:00
ynrin mei kofje en tee
19:30
oanfang foarstelling Fierder nei it Noarden
21:00
ferdjipjend programma yn de showroom wêrby’tst útdage wurdst te ûndersykjen wat tema’s as hechting, in omkearde âlder-bern relaasje en opgroeien foar dy yn dyn rol as soarchprofessional betsjutte
22:00
ôfsluting mei in drankje
Kosten: € 50, ynklusyf ûntfangst mei kofje en tee en in drankje nei ôfrin
Taal: Fierder nei it Noarden is Frysktalich. Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
Adres lokaasje: Autobedrijf Haaima, Coronaweg 2, 8938 CA Leeuwarden
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Stap nei de foarstelling yn in nagelnije auto yn de showroom fan Haaima foar in lytse APK. Ien fan ús 'APK-monteurs' sit foar dy klear om mei dy nei te praten oer de foarstelling en achterom te sjen nei dyn opfieding.
Loek de Bakker fertelt yn dizze ynlieding oer it ûntstean fan de foarstelling en syn persoanlike motivaasje om it ferhaal fan Fierder nei it Noarden te fertellen. Ek is der romte foar fragen en útwikseling.
Tryater en Stichting Een Friese Wind slaan de hannen ynien en biede Fierder nei it Noarden, méi ferdjipjend programma, eksklusyf oan foar soarchprofessionals.
Wy brûke funksjonele en analytyske cookies foar optimalisaasje en statistiken. As jo gjin tastimming jouwe of jo tastimming ynlûke, kin dit bepaalde funksjes en opsjes op dizze webside negatyf beynfloedzje.
Klik hjirûnder om tastimming te jaan oan it boppesteande of meitsje spesifike karren. Jo karren wurde allinich tapast op dizze side. Jo kinne jo ynstellings op elk momint feroarje, ynklusyf it ynlûken fan jo tastimming, troch de skeakels te brûken op it Cookiebeleid, of troch te klikken op de knop tastimming beheare ûnderoan it skerm.
Functioneel
Always active
Funksjonele cookies soargje derfoar dat bepaalde dielen fan 'e side goed wurkje en dat jo brûkersfoarkarren bekend bliuwe. Wy kinne dizze cookies pleatse sûnder jo tastimming.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technyske opslach of tagong dy't allinich brûkt wurdt foar anonime statistyske doelen. Sûnder in dagvaarding, frijwillige neilibjen fan 'e kant fan jo ynternettsjinstferliener, of oanfoljende records fan in tredde partij, kin ynformaasje opslein of ophelle foar dit doel allinich net normaal brûkt wurde om jo te identifisearjen.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.