Loading...
Dit binne wy

Skiednis

De skiednis fan Tryater bringt ús nei 1965, doe’t de Fryske Toanielstifting oprjochte waard. Dêrmei is it selskip ien fan de âldsten fan it lân.

Untstean fan Tryater

Yn 1963 waard op inisjatyf fan it Frysk Nasionael Boun foar it earst in stik út it wrâldrepertoire yn it Frysk útfierd. It gie om In slet fan tsien dollar, in stik fan J.P. Sartre, yn de oersetting fan A. Wadman. Troch heal-profesjonele en de bettere amateurspilers ûnder de profesjonele regy fan Pyt van der Zee. Nei dit sukses waarden der noch twa stikken op deselde basis spile en yn ’65 waard de ‘Fryske Toanielstifting’ in feit.

Neist it útfieren fan klassyk repertoire waarden ek mear tagonglike stikken spile. Yn ’69 krige de Stifting de namme Tryater. Fjouwer spilers krigen in fêst kontrakt. It soe noch lang duorje foar’t it selskip Rykserkenning krige. Fierdere profesjonalisearring krige foaral syn beslach yn it begjin fan de jierren santich.

Groei nei no

De earste artistyk lieder, Cees Stam, bleau net lang. Hy waard yn 1976 opfolge troch Pyt van der Zee, dy’t al regisseur fan ‘e earste oere wie. Under de lieding fan Pyt van der Zee groeide Tryater út fan produksjekearn ta in folweardich toanielselskip. In ploech fan 13 spilers krige twa jier lang in yntinsive oplieding. Yn 1980 waard Thom van der Goot artistyk lieder. It tal opfieringen gie omheech fan sa’n 100 nei 250, it tal produksjes fan trije nei fiif yn it jier. It selskip boude in bestân op fan 80 sealen dêr’t yn spile wurde koe, mei in spylflak fan op syn minst seis by fjouwer meter. Doe’t yn 1985 Tryater de Rykserkenning krige, dêr’t it 20 jier lang nei stribbe hie, wie it fûnemint lein fan it Tryater sa’t it no is.

 Tsjintwurdich spilet Tryater oeral en foar elkenien. Yn it Frysk en yn oare talen, yn teatersealen, doarpshuzen, skoallen, op lokaasje en yn ús eigen gebou. Mear as 500 foarstellingen yn it jier, foar sa’n 50.000 bern, jongeren en folwoeksenen. Regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal. 

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado