Algemien

Tryater is it meast alsidige teater fan Fryslân én it âldste teaterselskip fan Nederlân. Wy bringe eigensinnich en eigentiidsk teater oeral yn Fryslân en dêrbûten. Op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op bysûndere lokaasjes.

Wy spylje sa’n 500 foarstellingen yn it jier foar sa’n 50.000 taskôgers. Ek organisearje wy geregeld ferdjippingsprogramma’s om ús foarstellingen hinne en workshops en rûnliedingen.

Tryater Jong en Edukaasje
Ek foar bern en jongeren meitsje wy oansprekkende teaterfoarstellingen en organisearje wy ynteraktive workshops foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Satelliten
Om it teaterklimaat yn Fryslân te fersterkjen, stypje wy in oantal jonge teaterselskippen – ús “satelliten” – mei ús ekspertize, romte en materiaal.

Mear witte? Hjir fynsto alles oer ús fyzje en belied.

Tryaterproduksjes foar folwoeksenen
Teaterinisjativen dy’t Tryater stipet
Foar jeugd en jongeren

Contact

Tryater Oostersingel 70 8921 GB LJOUWERT tel. (058) 288 23 35 kaartferkeap (058) 253 95 50 faks (058) 288 68 24 ynfo@tryater.nl

Giest nei Tryater? Pak ek ris de trein of de bus! Check al even de tiden foar de weromreis.
Grafyske foarmjouwing Jelle F. Post Untwerp en technyske realisaasje BWH ontwerpers Hosting Jansen ProOffice Redaksje Rixt Bottema, Jeffrey Deelman, Grietje Deinum, An de Wrede Fotografy Reyer Boxem, Jacob van Essen, Marieke Kijk in de Vegte, Sanne Peper, Moon Saris & René den Engelsman, An de Wrede, Karel Zwaneveld Video Sergio Gridelli, Sito Wijngaarden, Herman Zeilstra