Fisy & Belied

Lês hjir hoe wy Tryater yn de perioade 2017 – 2020 foarmjûn mei aktueel en ferrassend teater, workshops en ferdjippingsprogramma’s foar jong en âld.

Tryater Tichtby
Aktiviteiteplan 2021-2024

Lês hjir ús folsleine beliedsplan 2021– 2024

Tryater is it iennige meartalige teaterselskip fan Nederlân. Sûnt de oprjochting yn 1965 meitsje wy teater út de ferbining mei ús omjouwing wei: de provinsje Fryslân. Wy wurkje en tinke út de meartalige kontekst wei dêr’t wy yn libje. Foar goed de helte fan de Friezen is it Frysk – ús twadde Rykstaal – de memmetaal. Tryater makket grut- en lytsskalich teater foar alle leeftiidsgroepen en is oeral yn Fryslân sichtber. Mei ús lokaasje- en reisfoarstellingen strike wy tydlik del yn it hert fan de lokale mienskip. Hieltyd faker is dat net mear it doarpshûs, mar in oar moetingsplak. Wy meitsje maatskiplik relevante produksjes, basearre op nije teksten, ticht op de hûd fan ús publyk.
Hoewol’t ús krêft yn de fersterking en ûntwikkeling fan de Fryske teaterkultuer leit, is ús berik grutter as allinne de provinsje Fryslân. Foar talintûntwikkeling wurkje wy nau gear mei oare selskippen yn ús stedske kultuerregio. Dêrneist binne wy sûnt koart ferbûn mei oare Europeeske selskippen dy’t yn in meartalige kontekst wurkje. Dit opteld ûnderskiedt ús as BIS-selskip.