Muzikanten en motorriders socht foar Drift
29 10 2026
Foar de foarstelling Drift, yn maaie-juny 2027 op it boppedek fan de Ljouwerter parkeargaraazje De Klanderij, binne wy op syk nei motorriders en muzikanten. We sykje benammen froulju, mar alle oanmeldingen binne wolkom.
Drift is in foarstelling fan makker Eva Meijering, dy’t mei Sâlt ien fan de grutste Tryater-hits fan de lêste jierren brocht. It skript is skreaun troch priiswinnende skriuwer Frank Siera, ek al ferantwurdlik foar Sâlt. Joke Tjalsma (bekend fan telefyzje, film, teäter en bygelyks Tryater-foarstelling Swimbad) spilet de haadrol. Sy spilet in frou op leeftiid dy’t op in min of mear ferbean plak op syk giet nei har driften, gefoelens dy’t oant no ta ûnderdrukt waarden. It boppeste parkeardek fan De Klanderij yn Ljouwert, mei de stedske omjouwing as dekôr, is de lokaasje fan hanneling.
Yn sawol dit yntrigearjende byld as yn it skript kinne auto’s en motoaren net ûntbrekke. Om de setting en de njonken teätrale ek muzikale opset kompleet te meitsjen, wurde figuranten socht om mei te wurkjen oan dizze bysûndere lokaasjefoarstelling. Dielname is op frijwillige basis mar ûnkostefergoedings binne mooglik. Repetysjes- en boartersskema’s binne beskikber.
Foar wa’t graach motorrydt, muzyk makket, of beide kombinearje wol is dit in moaie kâns om diel te nimmen yn in lanlik oansprekkende produksje op in unike lokaasje, fan it âldste teäterselskip fan Nederlân.
Oanmelde oft ynformaasje opfreegje kin fia meijering.eva@gmail.com.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de foarstelling.