Tryater hat de beskikking oer in prachtige foyer en in terras oan it wetter. It assortiment fan de bar is rom en der is fanselssprekkend mooglikheid foar katering: tink oan in wiidweidige lunch, in yntym diner, in rinnend buffet of miskien in high tea. Op elk momint fan de dei kinne wy oan jo winsken foldwaan.
Tryater hat twa sealen: in lytse en in grutte seal. As der gjin foarstellingen of repetysjes plakfine, dan kinne jo in seal hiere, al of net mei technysk materiaal.
Mear (sub)romtes nedich? De jeugdteaterskoalle (dy’t yn itselde gebou as Tryater húsfêstige is) hat trije sealen dy’t wy yn dat gefal brûke kinne (as se beskikber binne).
By de hier fan sealen kinne we op basis fan jo winsken de katering fersoargje.
Grutte seal
ôfmjitting 11 by 20 meter
kapasiteit: Maks. 180 persoanen
opstelling tribune, oare opstellingen mooglik
Lytse seal
ôfmjitting 11 by 10 meter
kapasiteit: Maks. 60 persoanen
opstelling yn oerlis
Foyer
kapasiteit: 120 persoanen, wêrfan 60 sitplakken
Fergaderromte
geskikt foar 10 persoanen
Lûdsstudio
op oanfraach beskikber foar lûdsopnamen