Teater giet oer dy iepen blik, oer keunst en útprebearjen. Do eksperimentearrest, ûndersikest, ferkenst grinzen en ûntdekst mooglikheden. Oer lol en lef. Teater prikkelet dyn rjochterharsenhelte, dyn ynsjoch, ferbylding, kreativiteit en dyn fermogen om problemen op te lossen.
Theater nimt dy mei yn ferhalen en prikelet dyn ferbylding.
Dat is wat wy by Tryater it leafste dogge. Ferhalen fertelle en op in magyske wize ferbining meitsje mei dysels, mei oaren en mei de wrâld. In ferhaal is foar ús brein de meast funksjonele wize fan kennis ferwurkje. Wêrom spylje wy dit ferhaal foar dy en wat hat it mei dy te meitsjen? Wat fertelt dizze foarstelling dy?
Feardichheden
Hoe learst no op skoalle? Wat hasto nedich foar dyn takomst? Feardichheden fan de 21e ieuw. Kreativiteit, kritysk en probleemoplossend tinke, nijsgjirrichheid. Teater meitsje en sjen is by útstek geskikt om dizze feardichheden te trenen. Al ús oanbod is foarsjoen fan ynspirearjend materiaal foar learling en dosint.