Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding op CKV, om gear te wurkjen of as ynspiraasje foar in eigen foarstelling.
Under begelieding fan in teaterdosint meitsje se yn twa oeren in lytse foarstelling. Se meitsje kennis mei de fjouwer fazes fan teatermeitsjen: it idee, it ûntwerp, de repetysje en de foarstelling, ynklusyf it produksjeoerlis wêryn de nommen beslúten toetst wurde. It totaal wurdt ôfsluten mei de presintaasje. Foar dekôr, ljocht en lûd wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tryater.
Dizze workshop is sawol foar bern út de boppebou fan it primêr ûnderwiis as learingen út it fuortset ûnderwiis (ûnderbou VMBO/HAVO/VWO, as CKV boppebou)
‘Teater, hoe wurket dat?’ is ûntwikkele troch Tryater en Stadsschouburg De Harmonie en basearre op de tentoanstelling en worksjop ‘Backstage’ fan it TIN.
Wêr
Tryater – grutte seal
Troch
Teaterdosinten fan Tryater
Tiden
yn oerlis
Duer
2 lesoeren (90-120 minuten)
Kosten
€ 150,- de klasse (ex BTW)
Nim kontakt op mei
sytse@tryater.nl
of 0582882335