Huh? Wat? Is dit taal?

Oait wol ris in sin lêzen dy’t ferdampe kin as in wolk? Yn dizze workshop sille we teatraal filosofearje oer taal.

Kinst ek op taal fytse? Kinst der ek ûnder doese? Kin in wurd ek neat betsjutte? Tidens dizze workshop sille we filosofearje oer en boartsje mei taal. We ferkenne de grinzen fan taal middels teater. In workshop wêryn in soad omtinken is foar de ferbylding en kreativiteit.

Hokker taal sit dy as in jas? Frysk? Surinaamsk? Vegetariaansk? Huh? Wat? Tidens dizze workshop brekke we graach mei besteande tinkdoazen. Out of the box dus! Om in bredere blik te krijen op taal, dysels en de wrâld om dy hinne.

Wêr
Tryater – grutte seal

Troch
Teaterdosinten fan Tryater

Tiden
yn oerlis

Duer
2 lesuren (90-120 minuten)

Kosten
€ 125,- de klasse

Nim kontakt op mei

sytse@tryater.nl

of belje 0582882335

Edukaasje

We gunne ús publyk in teaterûnderfining wêrby’t se de tiid ferjitte en harren ferlieze yn it momint. Wêr’tst miskien ferwûndering, fernuvering, mar ek ferfrjemding ûnderfine kinst. We fine it wichtich om ferbylding al betiid by bern yn ’e klasse te bringen en se op boartlike wize yn de kunde komme te litten mei sosjaal maatskiplike tema’s.

foar jeugd en jongeren

Foarstellingen

  Breidzje (4+) Breidzje giet oer groeie en grutter wurde. Oer neitinke oer letter en weromsjen op hoe’t it earst wie. Leare, sels útfine, feroarje. Mear ynfo? Klik hjir. Boeke? Gean nei it ynskriuwformulier. Dit wie it waar wer (8+) In muzikale roadtrip oer klimaatferoaring, wêrby de temperatuer heech op rinne kin en CO2 oeral op ‘e […]

workshop

Worksjops op maat

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

workshop PÛ/FÛ

Teater, hoe wurket dat?

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

teatraal filosofearje oer taal

Huh? Wat? Is dit taal?

Oait wol ris in sin lêzen dy’t ferdampe kin as in wolk? Yn dizze workshop sille we teatraal filosofearje oer taal. Kinst ek op taal fytse? Kinst der ek ûnder doese? Kin in wurd ek neat betsjutte? Tidens dizze workshop sille we filosofearje oer en boartsje mei taal. We ferkenne de grinzen fan taal middels […]

Teamtraining foar learkrêften yn it PÛ

Wy Spylje

Tryater ontwikkelde met Wy Spylje een toegankelijke methode en heldere werkvormen om taal, verhaal en theater in de klas toe te passen. Tijdens de speelse inspiratiebijeenkomsten bij Tryater oefen je met de methode en werkvormen.

rûnlieding

In blik achter de skermen

Wy sette ús glêzen doarren iepen en litte dy de wrâld fan teater sjen.