Fakatuere: Tryater siket Artistike Lieding

freed 23 novimber 2018

Tryater siket Artistike Lieding

Tryater is al mear as fyftich jier it profesjonele, meartalige teaterselskip fan Fryslân – ien fan de njoggen teaterselskippen dy’t hearre ta de kulturele basisynfrastruktuer fan Nederlân. Tryater spilet foarstellingen foar folwoeksenen, jeugd en jongeren op in leechdrompelige wize, op allerhanne plakken ferspraat troch Fryslân. Tryater spilet yn skouboargen en teaters, mar ek op skoallen en yn doarpshuzen. Dêrneist hat Tryater in lange tradysje fan grutte – soms megalomane – mar ek lytse, yntime lokaasjeprojekten. Tryater berikt in breed en ferskaat publyk, net inkeld Frysktalich, net inkeld heechoplaat. Teater foar stedsminsken en plattelânsbewenners.

Tryater is de ôfrûne tsien jier ferjonge en fernijd. Dêr’t earder de Fryske taal presintearre waard as de taal fan Fryslân, reflektearret Tryater no op de meartalige werklikheid fan Fryslân (dêr’t neist Frysk en Nederlânsk ek allerhanne oare talen praat wurde). Yn de foarstellingen wurde de grutte maatskiplike tema’s fan de 21e iuw relatearre oan de realiteit fan it deistige libben yn Fryslân.

Omdat Tryater yn it Fryske taalgebiet it iennige struktureel finansiere teaterselskip is – of eins twa selskippen: ien foar folwoeksenen en ien foar bern – nimt Tryater in grutte ferantwurdlikheid foar it artistike klimaat fan de poadiumkeunsten yn Fryslân en Noard-Nederlân. Neist it meitsjen fan foarstellingen hâldt Tryater him dêrom dwaande mei: kultueredukaasje, talintûntwikkeling fan profesjonele makkers en skriuwers, it oplieden fan Frysktalige akteurs en it opbouwen fan in ynternasjonaal netwurk oangeande meartalichheid en teater.

Ambysjes en útdagingen foar de kommende jierren binne:

Fan heal 2019 ôf sil de nije artistike lieding mei de minsken fan Tryater de plannen (it artistike en algemiene belied) foar de kommende perioade opstelle moatte. Mei yngong fan seizoen 2020/2021 sil de nije artistike lieding mei de saaklik direkteur de deistige lieding op him of har nimme.

Bisto (of binne jim) ynteressearre? Stjoer dan sa gau mooglik (mar op syn lêst foar 4 jannewaris 2019) in brief en in CV nei fakatuere@tryater.nl

Jou yn de brief oan wêrom’tsto tinkst (wêrom’t jim tinke) datst (dat jimme) hjir geskikt foar bist (binne) en jou ek oan yn watfoar rjochting Tryater him ûnder dyn (jim) lieding ûntwikkelje kinne soe.