Fakatuere | HBO-staazje ôfdieling marketing & publisiteit

tiisdei 20 novimber 2018

Tryater is in troch it Ryk subsidiearre teaterselskip, dat ûnderdiel útmakket fan de lanlike Basis Infrastructuur (BIS). Wy meitsje teater yn en út Fryslân wei foar folwoeksenen, jongeren en bern. We boartsje mei de Fryske taal binnen de meartalige werklikheid fan ús provinsje. Dêrmei bringe we in breed publyk yn de kunde mei teater. We fertelle ferhalen, biede in artistike ûnderfining en jouwe iepening foar nuansearre refleksje, foar moeting en foar petear. Tryater skept yn belangrike mate betingsten foar in fitale en duorsume ûntwikkeling fan it kulturele klimaat yn Fryslân en de noardlike regio.

Dat fertaalt him yn reguliere reisfoarstellingen, lokaasjeteater, foarstellingen en projekten op skoallen en yn eigen hûs. Mar ek yn ferdjippingsprogramma’s, workshops, trainingen en rûnliedingen. Dêrneist stipet Tryater nije inisjativen fan jonge makkers, want talintûntwikkeling fine we belangryk. Gearwurking ek: op gemeentlik, provinsjaal en regionaal (noardlik) nivo wurket Tryater in soad gear mei (kulturele) ynstânsjes.

Tryater sit yn in prachtich monumintaal gebou oan de râne fan de binnenstêd, mei romte foar twa teatersealen, in seal op souder, in wurkpleats, in opslachromte, in kostúmatelier en in sfearfolle foyer.

Op in eigen wurkplak, mei in eigen kompjûter en telefoan wurdt de stazjêr folslein opnommen yn de deistige realiteit fan ús bedriuw. De opdracht spitst him ta oangeande de wurksumheden dy’t komme út de tariedingen op de foarstelling Trouwerijen, processen, vuile hoeren, bedriegers, slechte ouders, domme kinders tot in het einde der tijden, in foarstelling dy’t op lokaasje yn Ljouwert spylje sil yn de twadde helte fan seizoen 2018/19.

De stazjêr wurket selsstannich, mar is ek in teamplayer. Hy of sy kin wurkje yn in platte organisaasje, dêr’t eigen inisjatyf yn priizge wurdt. Krekt wurkje is in eigenskip dêr’t we oan hechtsje. By Tryater is taal belangryk. De basis is Frysk, mar net-Friezen sille har ek thús fiele. It passyf behearskjen fan de Fryske taal is needsaaklik.

De stazjêr ûntfangt in staazjefergoeding fan 350 euro (smoarch) op basis fan in folsleine wurkwike (of in fariant dêrfan).
De staazje kin sa gau as mooglik ynfuld wurde, mar startdatum en perioade kinne we ek yn oerlis bepale.

Mail dyn sollisitaasje en CV nei An de Wrede, haad kommunikaasje, a.dewrede@tryater.nl.

Foar mear ynformaasje kinst belje mei An, 058-2882335 (net oanwêzich op woansdei).